Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ106814

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Yn 'e tiid fan 'e ôfskieding mat der to Droegeham in doomny stien ha dy hiet Van Velthuizen. Dat wie in man dy't in skieding brocht yn 'e herfoarme tsjerke en dat namen guon him bot kwalik. Der wienen twa mannen dy wienen sa forbittere op him, dat dy woenen him deameitsje. Op in Snein-to-joun hie ds. Van Velthuizen nei in oar doarp ta west to preekjen. Hy wie to foet.
De beide mannen stelden har fordekt op op in plak dêr't er lâns moest.
Hja seagen him oankommen en stienen klear him de genadeslach to jaen. Mar doe't er omtrint oan de beide mannen ta wie seagen se dat er net allinnich wie, mar oan wearskanten ien njonken him hie. Doe doarsten se net ta to slaen en sa kaem it dat de doomny yn leven bleau.
Letter ha dy beide mannen heard dat de doomny gjin minsken njonken him hawn hie. Dat hied er sels forteld.
Men seit dat dat ingels west ha, dy't him biskermen.

Onderwerp

VDK 0770A* - De engelenwacht    VDK 0770A* - De engelenwacht   

sinVDK 0770A* - Die Engelwache    sinVDK 0770A* - Die Engelwache   

Beschrijving

Twee mannen wachten dominee die verantwoordelijk was voor de afscheiding, op om hem te doden. Als hij dicht bij de mannen is zien ze dat hij niet alleen is, maar dat aan weerszijden van hem iemand staat. Toen durfden ze niet te slaan. Later hoorden ze dat de dominee niemand naast zich had, dat had hij zelf verteld. Men zei dat het engelen waren die hem beschermden.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

De engelenwacht

Naam Overig in Tekst

Van Velthuizen    Van Velthuizen   

Naam Locatie in Tekst

Droegeham    Droegeham   

Drogeham    Drogeham   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21