Hoofdtekst
Us heit wie skuonmakker, hy hat in ûngelok hawn en roun sûnt op krukken. Wy wennen yn Boelensloane. Hy kocht in stik groun mei in hûs, dêr't in greate skuorre oan fêst siet. Der wie doe yn dy tiid noch gjin tsjerke yn 'e Boelensloane. Mar doe wienen der lju, die woenen dêr in doomny preekje litte. Dêr wie heit ek in great foarstander fan. En doe waerd der bisluten dat de skuorre soe sadanich ynrjochte wurde dat dat in soarte fan tsjerke waerd.
Ik wie doe noch in jonge. Mar foardat der noch sprake fan wie dat ús skuorre in tsjerke wurde soe hearde ik nachts, as ik yn 't bêdsté lei, it timmerjen fan 'e preekstoel en dat soart dingen al. Ik waerd der altyd wekker fan.

Onderwerp
SINSAG 0487 - Vorbedeutung anderer Ereignisse.   
Beschrijving
Voordat de schuur van zijn vader ingericht werd als kerk, hoorde verteller 's nachts het timmeren van onder andere de preekstoel.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
Vorbedeutung anderer Ereignisse
Naam Locatie in Tekst
Boelensloane   
Boelenslaan   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21