Hoofdtekst
Op in kear kaem Japik Ingberts yn in bakkerswinkel yn 'e stêd. De bakker hie in swier gouden horloazje foar op it boarst.
Japik Ingberts sei tsjin 'e bakker dat er in bôlle ha moest. "Jo matte my de bôlle achter ûnder 't boezeroen triuwe op 'e rêch," sei er tsjin 'e bakker, "hwant ik mat ien foarstelle dy't in buchel hat." En doe bûgde hy him foaroer oer de toanbank hinne. De bakker moest laitsje doe't er dat hearde en hie wol nocht oan 't gefal. Hy bûgde him oer Japik Ingberts hinne, achter de toanbank wei en treau sa de bôlle him ûnder 't boezeroen. Wylst pakte Japik Ingberts gau de bakker syn horloazje en naeide dêr mei út.

Onderwerp
VDK 1525Z*7   
Beschrijving
Japik Ingberts laat bakker een brood op zijn rug onder zijn overhemd duwen. Ondertussen haalt hij het horloge van de borst van de bakker en loopt weg.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
De Japik Ingberts-cyclus (Brood op rug - horloge gestolen)
Naam Overig in Tekst
Japik Ingberts   
Jacob Engberts   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:20