Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ107010

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Ergens yn Fryslân stie in slot. De hear en de frou wienen fuort. Allinne de faem wie thúsbleaun mei de âld túnman. Dy moesten togearre op it slot passe.
Dêr kaem in keardel mei in great pak op 'e rêch. Dêr hie er handelswaer yn, sei er, en hy frege de faem of dat pak dêr dy nachts wol op it slot bliuwe mocht, wylst hy nei it doarp ta gong.
Dêr hie dy faem gjin biswier tsjin. It pak kom yn 'e keuken to lizzen.
Doe't de faem even letter allinne yn 'e keuken wie, doe seach se dat it pak hwat biweegde. Hja giet gau nei de túnman ta en fortelt him hwat se sjoen hat.
De túnman nimt syn gewear en giet der mei nei de keuken ta. Hy sjit op it pak en dan spat it bloed der út.
Hja meitsje it pak iepen en dan sit dêr in man yn. It is in bihyndich persoan. Hy hat in mes by him. Hy is kroandea.
It is ien fan in roversbinde, dy't yn 'e nacht it pak iepensnije soe en dan syn maten binnenlitte.

Onderwerp

AT 0958C* - Robber in Shroud    AT 0958C* - Robber in Shroud   

ATU 0958C* - Robber in Shroud.    ATU 0958C* - Robber in Shroud.   

Beschrijving

Als dienstmeisje en tuinman op het slot passen vraagt een man of hij zijn pak handelswaar 's nachts mag laten liggen. Het dienstmeisje ziet het pak bewegen en waarschuwt de tuinman. Die schiet door het pak heen, en het bloed spat er uit. Het blijkt een lid van een roversbende te zijn die 's nachts de anderen zou binnenlaten.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Robber in shroud

Naam Locatie in Tekst

Fryslân    Fryslân   

Friesland    Friesland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21