Hoofdtekst
Myn broer Foppe wenne op 'e Streek. Dy hie in baerch mei biggen. Dy wienen allegearre rûch en smoarch en gammel. Se wienen forjown. Syn kij forsmieten de keallen. It wie dúdlik, de boel wie dêr bitsjoend.
Doe gongen se nei Wopke Minke ta. Minke joech har in stik guod mei. 't Like wol in stik fan in brânde baelder. Doe moesten se dat op in trochbrânde baelder lizze yn 't bûthús, achter de kij. En alle gatsjes moesten ticht. Dat guod forrikke op 'e trochbrânde baelder. Wy stienen der mei ús trijen by: Foppe, syn wiif en ik.
Doe't dat guod forrikke, sloegen de kij as hynders. Wy moesten der op passe.
De jouns om alve ûre gong ik nei hûs ta. Doe stie dêr in frou by Foppe yn 'e beijetún. Ik sei tsjin har: "Hwat dochstû hjir?" Ik koe har wol.
"Ik sykje om 'e kat", sei se.
Ik sei: "Dû hoechst hjir om alve ûre net to wêzen. Hoepelje dû op."
Doe naeide se hurd út. Dat frommes, dat wie de tsjoenster.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Het vee van een man moest betoverd zijn gezien de slechte staat. Van een duivelbanster kreeg hij een zak die hij moest laten verkolen in de koestal waarvan alle gaten gedicht waren. Toen de zak verkoold was trapten de koeien als paarden. 's Avonds loopt een vrouw in de bessenstruiken van de man haar kat te zoeken. Zij moest de tovenares zijn.
Bron
Collectie Jaarsma (Archief Meeretens Instituut)
Commentaar
Heks maakt mens (vee) ziek
Naam Overig in Tekst
Foppe   
Streek   
Wopke Minke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21