Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108015

Een sage (mondeling), (foutieve datum)

Hoofdtekst

Frijmetselers binne ek kûgelfrij.
Op 'e Lykwei wenne sa'n man, dy wie frijmetseler. 't Wie âlde Aldert. Hy moest nou en dan nei Dútslân ta, dêr't it gebou stie, dêr't se yn byelkoar kamen.
De earste kear dat hy der by kaem moest er dêr ek hinne.
Doe moest er troch in tsjustere kelder yn 'e groun.
Dêr moest er alles sjen. Hy moest ek oer in deakiste hinne stappe. Dan koed er lid wurde. Mar hy mocht nergens oer prate.
De man hie noait forlet fan jild.
Ien kear om 'e sawn jier matte se timmerje oan har hûs.
Ien kear om 'e sawn jier mat der ien fan 't selskip dea.
Der wurdt om lotte hwa't der deamakke wurde mat.
Yn Dútslân barre se jild.
Se fortelle dat as 't jild op is, dan hingje se in lege pong oan 'e kruk fan 'e doar. De oare moarns is de pong fol. Dat kinne se om in bipaelde tiid dwaen.
Se kinne net wer by de klub wei. As se dea binne rêdt de duvel mei har. Se stjerre in rare dea. Hja binne by har leven al oan 'e duvel forkocht.
As se mei ien fûstkje, jowe se twa fingers.
Yn it gebou is in great eech. Dat sjocht alles hwat dêr gebeurt.

Onderwerp

TM 2900 - Vrijmetselaars    TM 2900 - Vrijmetselaars   

Beschrijving

Vrijmetselaars zijn kogelvrij, ze mogen nergens over praten en zijn levenslang vrijmetselaar. Ze hebben nooit geldgebrek, moeten om de zeven jaar aan hun huis timmeren, om de zeven jaar loten ze wie gedood zal worden. Vrijmetselaars kunnen om de zoveel tijd een lege portemonnee aan de deurkruk hangen die de volgende dag gevuld is. Ze sterven op een vreemde manier, hebben zich aan de duivel verkocht, geven twee vingers bij het handengeven. In het gebouw is een oog dat alles ziet.

Bron

Collectie Jaarsma (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Vrijmetselaars

Naam Overig in Tekst

Aldert    Aldert   

Naam Locatie in Tekst

Lykwei    Lykwei   

Lijkweg    Lijkweg   

Dútslân    Dútslân   

Duitsland    Duitsland   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21