Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ108617

Een sage (mondeling), dinsdag 19 maart 1974

Hoofdtekst

Yn Spyk (Grinslân) wenne in boer, dy moest in ûngetider ha. Hy gong nei Grins ta, dêr't de ûngetiders op 'e merk stienen. Mar hy wie hwat oan 'e lette kant, dat de measte ûngetiders hienen al plak krigen.
Der wie net folle kar mar der stie noch ien mantsje, dy wie hwat bihyndich.
De boer tocht: Dy kin net folle. Mar hy moest dochs ien ha, dat hy naem him mei nei Spyk ta.
De oare deis soenen se meane.
De boer soe mar foarop meane en 't mantsje achter him oan, hwant hy tocht: dat mantsje kin my lang net by hâlde.
Mar it wie krekt oarsom. It gong sa hurd mei dat mantsje dat hy siet de boer op 'e hakken.
Doe ruilen se: it mantsje foarop en de boer der achteroan. Op 't lêst meande it mantsje sa bot, dat hy seach it harspit net mear, dat yn 'e groun siet. Hy meande de kop der ôf, en meande doe gewoan troch.
De boer seach it en sei tsjin 't mantsje: "Hast dat net fornaem?"
"Och," sei 't mantsje, "dat is mar in stikeltsje."
Doe wist de boer genôch en naeide út.
Hy hie mei de duvel oan 't meanen west.

Onderwerp

SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.    SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   

Beschrijving

Boer kan slechts een klein mannetje als maaier krijgen. Eerst gaat de boer voorop, maar het mannetje maait zo hard, dat ze ruilen. Het mannetje maait zo hard dat hij het haarspit niet ziet en de kop er af maait. Als de boer vraagt of hij dat niet gemerkt heeft, zegt hij dat het maar een distel was. De boer weet dan genoeg en vlucht. Hij is met de duivel aan het maaien geweest

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1086, verhaal 17 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

19 maart 1974
Andere Begegnungen mit dem Teufel

Naam Overig in Tekst

Spyk    Spyk   

Spijk    Spijk   

Naam Locatie in Tekst

Grinslân    Grinslân   

Groningen    Groningen   

Grins    Grins   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21