Hoofdtekst
Letter ha der wit hoefolle minsken west om dy kiste der út to heljen. Mar net ien koe dat oprêdde.
Dy rike âld man fan 't slot ried wer nei hûs ta, mar ûnderweis stroffele de ezel en de âld man foel en rekke dea.
Sûnt dy tiid spûket er dêr op 'e brêge. Dêr koe by nacht net in minske lâns komme.
Op in kear woenen guon dêr lâns. Hja hienen fjouwer hynders foar de wein, mar se koenen noait oer de brêge komme. De hynders skopten en trapen en sloegen en dounsen, mar se wienen net op 'e brêge to krijen. Mei gjin mooglikheit. De dieren wienen deabinaud.
Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie Tseard Kûper fan Feanwâlden. Dy gong dêr hinne en gong op 'e wein sitten. Doe lei er de swipe oer de rêgen fan 'e hynders en doe op 't lêst rekken se oer de brêge hinne.
Mar de hynders wienen deabinaud en alhiel oerstjûr. Hja fleagen de Godleas Singel del en it bûtlân yn. De minsken ha har fan 'e wein ôffalle litten omdat de hynders op 'e rin fleagen.
Alle fjouwer hynders rekken yn 'e poelen (de Bomriden) en binne dêr forsûpt.
De âlde hear spokket dêr nòch altyd.
Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Skilige Piip   
Kille Pijp   
Tseard Kûpe   
Tjeerd Kuiper   
Bomriden   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâlden   
Veenwouden   
Godleas Singel   
Goddeloze Singel   
