Hoofdtekst
Der wienen twa man dy wisten dêrfan en dy woenen him dy jouns ûnderweis birove fan syn jild.
Doe't Tsjibbe sahwat oan 'e Skilige Piip ta wie, hearde er de mannen oankommen. Hy tocht: dy kinne 't wolris om myn jild to dwaen wêze.
Der lei in boatsje omkeard yn 'e berm, dêr krûpte er gau ûnder. Hy hearde de beide mannen tichterby kommen en doe gongen dy op 'e omkearde skou sitten dêr't hy ûnder lei. Hja sieten dêr op him to wachtsjen. Dat hearde hy, doe't se dêr oer praetten.
It duorre de beide mannen op it lêst to lang. Sy gongen fuort. Doe krûpte Tsjibbe ûnder 'e boat wei en sa kaem er feilich mei syn jild thús.
Onderwerp
VDK 0958L* - De man onder de omgekeerde boot   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Tsjibbe Hoekstra   
Dokkumer Wâlden   
Wouden   
Skilige Piip   
Kille Pijp   
Tsjibbe   
Naam Locatie in Tekst
Wâl   
Veenwoudsterwal   
Dokkum   
