Hoofdtekst
Doe kommen se mei it reid by de boer op 'e klaei. Doe stie dêr in buordtsje op it hiem, dêr stie op: Tink om 'e houn. Heit seach wol dat it in forskuorrend beest wie, dat hy sei: "Dêr kom ik net."
Jehannes seach ris nei de houn en sei: "Ik doch it wol." Hy stapte út 'e pream wei it hiem op. De houn kaem by him, mar hy die Jehannes neat. Jehannes roan nei de pleats ta en de houn gong mei him. Sa kamen se by de doar. De boer die de doar iepen en sei forbaesd tsjin Jehannes: "Hoe bistû hjir kaem?"
"To gean fansels", sei Jehannes.
"Liet de houn dat dan gewurde?" frege de boer.
"Ja," sei Jehannes, "hy docht my neat. Ik doar him net iens oan to heljen, oars reitsje ik him net wer kwyt."
Doe sei de boer: "Dat woe 'k wolris sjen."
Doe roan Jehannes mei de houn oan 'e hekke ta.
"Is dat fier genôch?" frege er.
"Ja," sei de boer, "mar it muoit my wol hûndert goune dat jo hjir op it hiem west ha."

Onderwerp
SINSAG 0664 - Zauberer macht bissige Hunde zahm.   
Beschrijving
Woeste hond doet tovenaar niets.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1087, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
21 maart 1974
Zauberer macht bissige Hunde zahm
Naam Overig in Tekst
Jehannes   
Johannes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21