Hoofdtekst
Ik hie in buorman, dy fortelde my, der wie in boer, dy hie in faem. Dy faem koe net in feint krije.
Doe waerd it merke en dêr woe hja hinne.
Doe't it joun woarde, sei se: "Nou krij 'k joun in feint, as wie it de duvel ek."
Mar hja krige dy jouns net in feint. Doe gong se nei hûs ta. 't Wie sahwat acht ûre, it iten wie dien.
Doe kaem der in hearskip oan. Dy stapte ta de keamer yn. Hy kaem om de faem.
De boer seach wol dat it forkeard spul wie. De faem hie 't ek yn 'e rekken, doe't se him biseach.
Hja gong even mei de boer ta de keamer út.
"Hoe mat ik hjir mei oan?" sei se, "it is de duvel."
Doe sei de boer tsjin har: "Dû bist oan 't skûtelwaskjen. Hy wol by dy opsitte, mar dû mast him freegje of er sa lang wachtsje wol oant datstû it skûtelwaskjen dien hast."
De faem gong nei de duvel ta en frege of er sa lang wachtsje woe. De duvel makke gjin biswier. Doe gong de faem wer nei achteren ta en naem al it smoarge itensreau mei nei de duvel ta en dat smiet se lyk foar syn fuotten oan diggels. Dat hie de boer har oanret. En doe sei se: "Jo sille wol lang wachtsje matte, hwant ik skûtelwaskje net."
Doe wie se dus de duvel to liep en dy gong fuort.

Onderwerp
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Meisje zegt op de avond van de jaarmarkt dat ze een vrijer zal krijgen, ook al is het de duivel. Ze krijgt die avond geen vrijer en gaat naar huis. Dan komt er een man binnen om haar te vragen met hem op te zitten. De boer en het meisje merken dat de man de duivel is. De boer raadt haar aan de man te vragen te wachten tot ze klaar is met afwassen, het servies kapot te gooien en te zeggen dat hij lang zal moeten wachten omdat ze niet zal afwassen. De duivel verdwijnt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1089, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
27 maart 1974
Andere Begegnungen mit dem Teufel
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21