Hoofdtekst
It wie merke yn in doarp. Der wie in faem, dy sei de moarns: "Nou wol 'k joun in feint ha, al sil it de duvel ek wêze." Hja gong dy jouns nei 't dounsjen ta, mar se krige net in feint. Sûnder feint gong se ta de dounsseal út. Hja wie op wei nei hûs ta. Underweis, by 't tsjerkhôf, dêr stie de duvel op 'e wei. Hy hie hiele greate gleone egen, sa kaem er har op side. Hy woe har meinimme nei 't tsjerkhôf ta. Hy giet troch 't hek hinne en hja moest mei. Hwant hy wie har feint.
Doe krige hja har bûsdoek út 'e bûs. Dy stiek se troch 't hek hinne en dy rikte se him ta.
Doe wie de duvel fuort en hja makke gau dat se fuort kaem.
Doe krige hja har bûsdoek út 'e bûs. Dy stiek se troch 't hek hinne en dy rikte se him ta.
Doe wie de duvel fuort en hja makke gau dat se fuort kaem.
Onderwerp
AT 1187* - Unfinished Work   
ATU 1187* - Unfinished Work.   
Beschrijving
Meisje dat zegt dat haar vrijer zelfs de duivel mag zijn, wordt 's avonds bij het kerkhof door de duivel opgewacht met wie ze moet meegaan. Ze steekt haar zakdoek door het hek naar de duivel die daarop verdwijnt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1090, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
30 maart 1974
Unfinished work
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21
