Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109004

Een sage (mondeling), zaterdag 30 maart 1974

Hoofdtekst

It gebeurde yn 'e buert fan Warffum, Uthuzen. Myn skoanheit wie in jonkje fan 8 jier, doe binne syn beide âlden allebeide overleden. Hy hie noch twa broerkes, dy wienen hwat âlder.
Sûnt swerfde myn skoanheit as jonkje mei syn beide bruorren oeral om. Hja sliepten bûten yn 't fjild yn in groppe, soms yn in klobke hea, dan wer yn in hok, hwer't se mar plak krije koenen foar de nacht. It wienen echte swervers.
Op in joun kamen se by in boer. Hja fregen of se dêr yn 't hea sliepe mochten, mar dat stie de boer net ta.
Doe roannen se op in hok ta, dat stie midden yn it lân. Der stie in hekke foar. Dêr soenen se yn.
Doe sei de earste fan 'e jonges: "Dêr leit ien yn. Dy is sa great as in houn."
Doe seach de twadde. Doe wie 't as in keal sa great.
Doe seach de trêdde. Doe wie 't sa great as in hynder.
It like in man, dy't mei de holle oer de earms hinne lei.
En dy man waerd àl greater en greater.
Doe binne dy jonges hurd útnaeid.

Onderwerp

SINSAG 0478    SINSAG 0478   

Beschrijving

Drie broers willen de nacht doorbrengen in een hok dat midden in het land staat. De eerste broer zegt dat hij er iets ziet liggen dat zo groot is als een hond. De tweede ziet iets dat zo groot is als een kalf, bij de derde is het zo groot als een paard. Het lijkt een man die met zijn hoofd over zijn armen ligt en steeds groter wordt. De jongens lopen hard weg.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1090, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

30 maart 1974
Andere Erlebnisse: Unbeschreibbare Spukerscheinungen

Naam Overig in Tekst

Uthuzen    Uthuzen   

Naam Locatie in Tekst

Warffum    Warffum   

Uithuizen    Uithuizen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21