Hoofdtekst
Der wennen in man en in frou op Kollumersweach. Hja hienen in fanke, dy hie gauris forkearing. It stuts de âlders tige nau. Hja woenen ha dat it in feint mei jild wie.
Doe krige dy faem ris wer in feint, dy't har thús brocht.
Har heit frege de feint iderkear hwat er die. Mar dan bigoun dy feint gau oer hwat oars. De man woe witte of er sinten hie, mar de feint paste wol op en fortelde him net dat er boerearbeider wie. Hwant hy hie wol yn 'e gaten dat dat fiersto min wie.
Op it lêst soenen de âlde minsken op bêd. Doe sei de frou noch gau even tsjin har dochter: "Dû mast al sjen to witten to kommen hwat dy feint docht."
Doe't de âlde minsken op bêd leinen, frege se hyltyd sa'n bytsje hwat er by de ein hie. Mar hy sei it net. Hy draeide der mar hwat om hinne.
Op 't lêst moest er fuort. Doe joegen se elkoar net in tútsje. Hy gong fuort, mar hy wie noch mar in lyts eintsje ûnderweis, doe gong er werom.
De doar wie fêst. Doe kloppe er by har op 't glês.
"Minke," sei er, "ik ha skandelik forgetten dy in tútsje to jaen."
"Nou," sei Minke, "dan dogge wy dat even ûnder 't glês troch, hwant ik bin al útklaeid."
De feint giet hinne en strûpt de broek fan 'e kont en mei de bleate kont giet er foar 't opskoude finster stean en dan tutet Minke him op 'e kont.
De oare moarns frege de mem oan 'e dochter:
"Hat er ek sein hwat er die?"
"Hy hat it net sein," antwurde Minke, "mar it is fêst in skriuwer op 't kantoar, hwant hy hie it potlead achter 't ear."

Beschrijving
Ouders die voor hun dochter een rijke man wensen, proberen een jongen die komt opzitten vergeefs uit te horen over wat hij doet. Ook tegen het meisje zegt hij niets als de ouders naar bed zijn. Hij vertrekt zonder dat er gekust is. Hij gaat terug, maar de deur is op slot. Het meisje zegt dat er gekust moet worden onder het opgeschoven raam door. De jongen laat zijn broek zakken, gaat met zijn blote achterwerk voor het raam staan en het meisje kust dat. De volgende ochtend vragen haar ouders of ze al iets weet. Het meisje zegt dat hij vast op kantoor zit want hij heeft een potlood achter zijn oor.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1090, verhaal 11 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
30 maart 1974
Naam Overig in Tekst
Minke   
Naam Locatie in Tekst
Kollumersweach   
Kollumerzwaag   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21