Hoofdtekst
Der wienen in man en in frou, dy hienen in famke. De frou rekke siik. Doe't se op har stjerbêd lei, doe sei se tsjin har man: "Astû wer trouste, wolst der dan om tinke, datst myn klean net oan dy frou jowst?"
De man biloofde dat.
De frou kaem to forstjerren en in skoft neitiid troude de man wer. Doe leinen de klean fan dy earste frou altyd yn 'e kast.
De twadde frou tocht: dy klean kin ik wol brûke en hja droech der it ien en oar fan.
Deis wie de man nei 't wurk ta. Jouns kaem er altyd thús.
Op in kear, doe't er wer thúskaem, sei it famke tsjin him: "Heit, mem hat hjir hjoed ek west." Dêr bidoelde hja de man syn earste frou mei.
"Leave," sei heit, "dat kin net, jimme mem is dea."
De oare jouns kaem de heit wer fan 't wurk thús.
It famke sei: "Heit, mem hat hjir wer west."
En dat gebeurde letter al wer en al wer.
Doe bigoun de man op it lêst to twiveljen. Hy wist net hwat hy der oan hie.
"Ik mat mar ris mei ús doomny prate", sei er.
Doe gong er nei de doomny ta en dy fortelde hy hwat der gebeurd wie.
"Hoe sit dat nou?" sei er tsjin 'e doomny.
"Ja," sei de doomny, "dat wit ik ek sa net. Mar ik kom wol by jo. Dan matte wy mar ris sjen."
De doomny kaem en hâldde mei de oaren de wacht.
Doe kaem de frou wer. Doe sei dy frou: "Hwa hat myn klean? Hwa hat myn klean? Hwa hat myn klean?"
Doe die se ynienen in taest en sei: "Dû hast myn klean." Doe hie se de twadde frou by 't skouder beet.
De man wie syn bilofte net neikaem.

Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Man belooft zijn vrouw op haar sterfbed dat hij als hij hertrouwt haar kleren niet door zijn tweede vrouw zullen worden gedragen. Hij hertrouwt, de kleding blijft in de kast liggen, de tweede vrouw gaat wat van de kleren dragen. Nadat zijn dochter haar moeder al een aantal keren heeft gezien, ziet ook de man haar, vragend naar wie haar kleding draagt. Ze pakt de tweede vrouw vast, zeggend dat zij het is. De man is zijn belofte niet nagekomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1090, verhaal 12 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
30 maart 1974
Andere Tote spuken
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21