Hoofdtekst
Hjir yn Feanwâldsterwâl wenne in mantsje dat stie op in freed to Ljouwert ûnder 'e Waech mei in seinegaffel by him. Hy woe graech wurk ha by in boer yn 'e ûngetiid. 't Wie mar in bihyndich mantsje.
Dêr kaem in boer by him, dy hie nei de fémerk ta west.
"Ha jo noch net in boer?" frege er.
"Né," sei 't mantsje, "mar ik woe graech wurk ha."
"Kinne jo meane?" frege de boer.
"Jawol", sei 't mantsje.
"Dan matte jo om 3 ûre mar dêr en dêr yn 'e herberch wêze, dan kinne jo mei my ride. Jo matte mei in geweldich-grouwe keardel meane. Mar hy is sa dom as oalje. Doarre jo dat oan?"
Doe sei Yme (sa hiet dat mantsje): "Ik rêd wol mei him."
Doe't se thús wienen by de boer, sei de boerinne tsjin har man: "Hwat ha jo nou úthelle?"
"Dy man komt hjir to meanen," sei de boer, "dy sil de grouwe keardel helpe."
"Dat wurdt neat", sei de boerinne.
De boer sei: "Dat falt hwat ta."
Doe sei er tsjin Yme: "Mast earst mar in stikje iten ha. Dan kinst dan wol nei dyn maet ta. Dêr en dêr is er oan 't meanen."
Doe't Yme der oan kaem, sei de grouwe keardel: "Sille jo my helpe?"
"Dat is 't doel al", sei Yme.
Doe sei dy grouwe keardel: "Ik bin in man fan oanpakken. Trocharbeidzje. Der mat gjin tiid forlern gean."
Doe sei Yme: "Dan matte jo hiel oars meane as sa't jo nóu dogge. Dan matte jo út 'e midden wei bigjinne."
De grouwe sei: "Dêr bigryp ik neat fan."
"Nou," sei Yme, "ik sil wol fóár meane, kom jo mar achter my oan."
De boer seach ta 't finster út. Hy sei tsjin 'e frou: "De greate giet der nou oan." Hwant trochdat Yme fóár meande en hja út it midden wei yn 'e rounte meanden stie de grouwe hyltyd oan 'e bûtenkant en hie dy in folle greater terrein ôf to meanen as Yme. It waerd iderkear greater. Yme hie hyltyd it koartste.
De twadde jouns kaem de greate thús by de boer en sei: "Ik hâld op, hwant dy keardel is net to bimeanen."

Beschrijving
Helper van sterke, domme man zorgt dat hij bij het maaien een kleiner stuk doet. De grote klaagt bij de boer dat hij de ander niet bij kan houden.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1091, verhaal 16 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
1 april 1974
Naam Overig in Tekst
Waech   
Yme   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Veenwoudsterwal   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Waag   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21