Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109115

Een mop (mondeling), maandag 01 april 1974

Hoofdtekst

Jan Hepkes wie ris to meanen earne achter Ljouwert.
De dokter hie him in drank meijown, omt er net al to goed wie. Dêr moest er moarns en jouns in leppelfol fan ynnimme. Jan hie de drank oergetten yn in jeneverfleske, omdat dat hwat sterker wie as sa'n drankfleske. Jan sette dy flesse yn 'e hynstekrêbbe del.
De jouns, doe't Jan fan 't meanen werom kaem, wie 't allegearre leven by de boer op it hiem.
Jan sei: "Hwat is hjir to rêdden?"
"Ja," sei ien fan 'e arbeiders, "it liket net sa bêst. De boer is der min oan ta. Hy is sa siik as in houn. It is him samar ynienen oankaem. De dokter hat al by him west."
"Ik kaem by de hynstekrêbbe," fortelde Jan, "en ik soe in leppel drank krije, mar it hiele fleske wie leech."
Hwat wie der gebeurd?
De boer hie 't fleske yn 'e hynstekrêbbe foun. Dy tocht dat it berenburch wie en hie it mar gau leechdronken.
Jan hie 't fuort yn 'e gaten. Hy gong nei de dokter ta en sei: "Ik wyt wol hwat de boer skeelt. Hy hat de flesse, dêr't myn drank yn siet, leech dronken."
Doe sei de dokter: "Dan sil ik him gau hwat guod jaen, dan bikomt it wol wer."

Beschrijving

Boer drinkt jeneverfles met doktersdrankje van Jan Hepkes leeg en wordt ziek.

Bron

Collectie Jaarsma, versla 1091, verhaal 15 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

1 april 1974

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21