Hoofdtekst
Der wie ris in doomny, dy koe omraek preekje. Op in kear, doe hâldde hy in preek oer de Heilige Geest.
De heilige Geest, dy kom út 'e hemel del, sei er. En hy soe dan de Heilige Geest yn 'e gedaente fan in dou ek delkomme litte. Hy hie mei de faem ôfpraet, hja soe op 'e tsjerkesouder sitte en in dou troch it lûk sakje litte, as hy de wurden útspruts: Heilige Geest, daal neder.
Mar hwat gebeurde der. De âld souder wie wrak, en krekt doe't de doomny sei: Heilige Geest, daal neder, - doe sakke dy faem troch de souder. Hja bleau dêr hingjen. De rokken gongen omheech en dêr hong se yn 'e wite broek en de skonken troch de souder hinne.
Alle minsken seagen omheech, mar doe sei de doomny gau: "Al wie er naar ziet, zal met blindheid worden geslagen."
Doe wie der in joad yn 'e tsjerke, dy die de hân oar 't iene eech en doe sei er: "Ik weagje der dochs ien eech oan."

Onderwerp
VDK 1839*   
Beschrijving
Meid van de dominee zakt door zolder van de kerk als dominee het heeft over de heilige geest die neerdaalt. Hij preekt daarop dat kijken blindheid zal veroorzaken. Een jood kijkt echter met één oog, zeggend dat hij er wel een oog aan wil wagen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1091, verhaal 21 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
1 april 1974
Making thunder
Naam Overig in Tekst
Heilige Geest   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21