Hoofdtekst
Der wie in doomny, dy kaem yn in nij doarp to wenjen. Op in kear soed er op hûsbisyk. Der wennen twa boeren yn dat doarp, dat wienen neven fan elkoar. Dy hienen beide deselde namme. De iene hie syn frou krekt forlern, en de oare syn fyts hienen se krekt ûntstellen.
Doomny kaem by de lêste op bisite, mar hy miende dat er by de earste wie.
Hy sei tsjin 'e boer: "Ik biklei jo wol, hwat is dit treurich nijs. Hwat ha jo in slim forlies hawn. Ik kin my yntinke dat jo in brutsen minske binne."
"Och," sei dy boer, "Sa slim is it nou net. Ik mis dat âlde ding wol fansels, mar och, 't wie mar in âld karre en de arbeider jage der ek noch in protte op om."

Onderwerp
VDK 1843A* - De gestolen fiets   
Beschrijving
Nieuwe dominee gaat op huisbezoek bij mensen met dezelfde naam. De ene man heeft net zijn vrouw verloren, van de ander is een fiets gestolen. Dominee meent bij de eerste op bezoek te zijn en betuigt zijn medeleven. De boer zegt dat het maar een oudje was en dat de arbeider er ook veel gebruik van maakte.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1091, verhaal 25 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
1 april 1974
De gestolen fiets
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21