Hoofdtekst
Op 'e Bovenwei, dy't giet fan 'e Westereinder brêge nei de tramlyn Feanwâlden-Dokkum, spoeke in âlde hear.
Dêr stienen froeger trije ikebeammen en dêr wie dy âlde hear altyd. De minsken doarsten dêr by nacht net lâns.
Dêr hat in slot stien, dêr hat dy hear yn wenne.
Deis kaem de hear net foar 't ljocht, allinne yn 'e nacht.
Dêr siet in protte jild yn 'e groun, dat hie oan dy hear tabiheard. Guon ha dêr wolris nei groeven.
Mar de kiste sakke hyltyd ûnder 't graven.
Dêr tichteby wenne in widdou mei fiif jonges. Dy hearden nachts wol dat it jild yn 'e kiste smiten waerd. Dan woenen hja dêr wol hinne, mar it minske woe 't net lije. "It is gjin goed spul", sei se. Hja kearde it.
By dei gongen dy jonges der wol hinne, mar dan wie der neat mear to sjen.

Beschrijving
Op de plaats van een slot spookt 's nachts een oude heer
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1091, verhaal 13 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 april 1974
Naam Overig in Tekst
Westereinder   
Zwaagwesteinder   
Naam Locatie in Tekst
Bovenwei   
Bovenweg   
Feanwâlden   
Veenwouden   
Dokkum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21