Hoofdtekst
Myn broer en syn kammeraet Tsjalling hawwe ris op in nacht hwat bileefd mei in houn. Dat wie in bûtengewoane houn, in monster. Sa great as in keal en roetswart.
Hja wienen togearre op 'e Foarwei, doe kom dat beest der oan. Doe sei Tsjalling tsjin dy houn: "Kom hier!"
Doe hie dat monster him omdraeid en wie lyk foar Tsjalling stean gong. Hy hie in pear egen yn 'e kop as thépantsjes en se wienen sa gleon as fjûr.
Myn broer makke dat er fuortkaem. Tsjalling wie sa bleek woarn as in deaden. Hy hie him net biwege doarst, sa raer hie 't like. Op 't lêst wie 't beest fuort gong.
Tsjalling hie letter sein: "Nou doar ik noait wer tsjin in fremde houn to sizzen: 'Kom hier!'"

Onderwerp
SINSAG 0251 - Plagegeist kommt, als man ihn ruft (seinen Ruf nachahmt)
  
Beschrijving
Mannen komen 's nachts een grote zwarte hond met grote gloeiende ogen tegen, die als hij wordt geroepen voor een van de mannen blijft staan. Die durft zich niet meer te bewegen en zegt later dat hij nooit meer een vreemde hond durft te roepen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1092, verhaal 14 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
2 april 1974
Plagegeist kommt, als man ihn ruft(seinen Ruf nachahmt)
Naam Overig in Tekst
Tsjalling   
Tjalling   
Naam Locatie in Tekst
Foarwei   
Voorweg   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21