Hoofdtekst
Jehannes Meerstra fan Feanwâldsterwâl wie boerefeint op in pleats yn Ryptsjerk. Jehannes hie dêr in kammeraet, dy kaem ek fan de Wâl. Dat wie Yme Hogeveen.
Hja wienen der in bulte togearre op út en kamen dan faek let op 'e joun wer thús. Dêr hie de boer fan Jehannes syn nocht fan. Hy sei tsjin Jehannes: "Ast nou wèr sa let thús komst, haw ik de doarren fêst."
"Dat is bêst", sei Jehannes.
Doe waerd it dy jouns wèr let. Jehannes syn kammeraet sei: "Nou kinst der net mear yn komme."
Mar Jehannes sei: "De skuordoarkes op 'e side binne iepen." En wrachtich, 't wie ek sa, dy stienen wiid-iepen, doe't er thús kaem.
Dêr koe er dus troch yn 'e hûs komme.
De oare moarns sei de boer: "Hoe bistû der yn kaem?"
Jehannes fortelde 't him, troch de skuorredoarkes.
"Dat bistiet net," sei de boer, "hwant dy sieten potticht. Ik haw der noch in ekstra peal foar dien. Mar ik wol dy net langer yn tsjinst ha."
Jehannes krige dy deis syn ûntslach.

Onderwerp
SINSAG 0750 - Andere Zauberei.   
Beschrijving
Man kan deuren die op slot zijn open krijgen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1093, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
3 april 1974
Andere Zauberei
Naam Overig in Tekst
Jehannes Meerstra   
Johannes   
Yme Hogeveen   
Naam Locatie in Tekst
Feanwâldsterwâl   
Veenwoudsterwal   
Ryptsjerk   
Rijperkerk   
Wâl   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21