Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109501

Een mop (mondeling), zaterdag 06 april 1974

Hoofdtekst

Der wienen in feint en in faem, dy trouden, en dy kamen by har mem yn to wenjen. Mar dy faem, dêr't dy feint mei troude koed er as wiif in danich bytsje mei. Hja woe noait hwat hy woe, dêr hie se gjin sin oan en dat wie foar dy man slim forfelend. Hy tocht: hoe mat ik dêr mei oan. Doe bislute hy der ris mei de dokter oer to praten.
It âld minske wie ek krekt net goed, dy koe net nei de w.c. ta, dat hy moest medesinen ophelje foar syn wiif en foar syn skoanmem.
Dat, doe krige er fan 'e dokter medesinen foar de skiterije en guon foar it sexuele forkear. Hy hie yn idere hân in doaske mei poeijer. Hy tocht: ik mat net yn 'e war reitsje. Derom sei er ûnderweis hyltyd: neukpoeijer, skytpoeijer, neukpoeijer, skytpoeijer -
Mar doe't er thús kaem wie 't al mis. Hy joech oan it âld-minske de neukpoeijer en syn eigen wiif treau er de skytpoeijer ta.
Hy gong mei 't wyfke op bêd. Hy tocht: nou sil 't dan hâlde. Mar 't wyfke hie fan dy skytpoeijer ynnom, dat dy krimmenearre mar dat se sa'n pine yn 't liif krige en al sa mear. Hy koe syn bigearte net yn forfolling bringe.
Doe tocht er: Hwat is hjir in leven yn 'e hûs. It is hjir in gestommel en in gestomp dat it raer is. Syn wyfke moest nei 't húske ta, doe tocht er: ik mei wolris sjen hwer't dat lawaei wei komt. Doe hie 't âld-wiif de hiele tafelpoat yn 'e kut.

Beschrijving

Vrouw ontvlucht het sexuele verkeer met haar man. De man krijgt van de dokter een lustopwekkend poeder mee, en voor zijn inwonende schoonmoeder een laxeermiddel. De middelen worden echter door de verkeerde persoon ingenomen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 april 1974

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21