Hoofdtekst
Der wie in fanke, dat wenne as húshâldster by in heit mei in soan. Dy soan wie net ien fan 'e gochumsten, mar der siet wol aerdich hwat jild, dat doe't hy har frege of se mei him trouwe woe, sei se net fan né.
Op 't lêst doe trouden se dan.
Mar de jonge rekke har noait oan. Dat bigoun har to forfelen, hja woe wolris hwat.
Doe tocht se:ik mat mar ris mei syn heit prate.
"Hoe is 't fanke?" frege dy.
"Oars wol goed, heit," sei se, "mar de jonge sil my noait ris in kear oanreitsje, dat ik haw sa neat oan him."
Doe sei de heit: "Stjûr de jonge mar even nei my ta. Dan sil ik wolris mei him prate."
Doe't hja thúskaem, sei se tsjin har man: "Dyn heit hat in lyts boadskipke. Dû mast joun even by him komme." De jonge gong de jouns nei syn heit ta.
Doe sei syn heit: "Dû bist nou troud, dû mast ek ris hwat mei dyn wyfke dwaen."
"Ja, mar heit," sei de jonge, "ik wit net hoe't dat mat. Hoe giet soks?"
"Nou," sei syn heit, "dû hast it wolris sjoen hoe't in hearke en in eintsje dat dogge, net?"
"Jawol", sei de jonge.
"Nou, sa mastû it ek dwaen."
De oare deis spielde it wyfke in dweil út by it stap.
Doe tocht de jonge: dit is myn kâns. Hy springt boven op har, mei de kop boven op har. Sa tûmelje se beide yn t'wetter. Hja forsoop hast. Kletstrochwiet kaem se der út.
Doe gong se wer nei har [syn] heit ta.
"Hoe is 't gien?" frege dy.
"Net bêst," sei se, "hy hat my omtrint forsopen." En doe fortelde se, hwat der gebeurd wie.
"Dy stommerik," sei er, "hy mat hjir joun opslach wer hinne."
Dy jouns kaem de jonge wer by syn heit. Syn heit sei: "Jonge, jonge, hwat hast it nou raer dien."
"Ik die dochs krekt sa't heit sei", sei de jonge.
Doe sei syn heit: Hast dochs wol sjoen, hoe't in houn it docht, net?"
"Jawol", sei de jonge.
"Nou, sa mastû it ek dwaen."
De oare deis wie 't wyfke oan 't flierfijen. Doe sprong er har boven op 'e rêch. Doe wie 't wer mis.
It minske gong wer nei syn heit ta en hja klage oan him har need.
Doe sei er: "Dû mast hjir joun mei de jonge komme."
Dat gebeurde.
Doe sei de âld-man tsjin syn jonge: "Ik sil 't dy wol even foar dwaen."

Beschrijving
Meisje trouwt onnozele man die haar nooit aanraakt. Ze klaagt haar nood bij zijn vader, die de zoon eenden en honden als voorbeeld geeft hoe het moet. Als de vrouw aangeeft dat de zoon die raad letterlijk opvolgt, zegt de vader dat ze met de zoon mee moet komen. Tegen de zoon zegt de vader dat hij het wel voor zal doen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 april 1974
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21