Hoofdtekst
Der wienen in feint en in faem, dy hienen forkearing.
It fanke wie tige sinnich. Hja woe wol in man ha, mar dêr moest neat oan dy man mankeare. Hy moest kant fan liif en lea wêze en soun nei lichum en geast.
Hja hie al forskate feinten hawn, mar 't bisloech noait goed. Der mankearde neffens har altyd hwat oan.
As it oan trouwen ta wie dan moest dy feint nei de dokter ta en him ûndersykje litte. En dan kom sy by de dokter om útslach.
Doe't se dan wer in feint hie, waerd der op 't lêst oer trouwen praet. Hja stjûrde him earst nei de dokter ta en doe gong se der sels hinne om de útslach to hearren.
"Hoe liket it?" frege se.
"De man is kerngezond," sei de dokter, "voor honderd procent, alleen één ding deugt niet."
"En dat is?" frege se.
"Hij heeft een katterug", sei de dokter. (As men in kat oer de rêch streaket, docht er de sturt omheech.)
Doe woe de faem him net ha.

Beschrijving
Meisje wil een man waar niets aan mankeert. Ze stuurt de man waarmee ze gaat trouwen naar de dokter, die haar zegt dat de man kerngezond is, maar één gebrek heeft. Het meisje wijst hem om die kattenrug af.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 7 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
6 april 1974
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21