Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109508

Een mop (mondeling), zaterdag 06 april 1974

Hoofdtekst

Der wie in húshâlding, dy bistie út man, frou en soan.
De man wie boer en al aerdich âld. Hja gongen nei de Roomske Tsjerke ta. By de soan siet it geloof net sa djip.
Doe rekke dy âld man siik. Doe kaem de pastoar by him en dy bidde foar de âld man.
De âld boer woarde minder en de pastoar kaem alris wer.
Op 't lêst kaem de âld boer to overlijden. Doe moest de pastoar komme foar it heilich sakramint en om foar him to bidden.
Doe sei de pastoar: "Ik wol wol foar him bidde, mar dan mat syn soan wylst jild telle." Dat jild wie foar de pastoar.
Doe bigoun de pastoar to bidden en wylst telde de soan jild, dat [er] yn steapeltsjes op 'e tafel dellei.
Op it lêst sei de soan tsjin 'e pastoar: "Hoe fier is heit?"
"Nou," sei de pastoar, "hy sit al aerdich toplak."
Doe striek de soan al it jild nei him ta en burch it op en sei: "Hâld dan mar op, hwant heit hat altyd sein: "As ik ergens sit, dan bliuw ik wol sitten."

Beschrijving

Pastoor bidt bij overlijden voor een boer op voorwaarde dat zijn zoon geld gaat tellen. Als de pastoor op de vraag van de zoon hoever het is, zegt dat zijn vader bijna op zijn plaats is, bergt de zoon het geld weer op. Hij zegt dat zijn vader zei dat als hij ergens zat, hij bleef zitten.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 april 1974

Naam Overig in Tekst

Roomske    Roomske   

Roomse    Roomse   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21