Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109519

Een sage (mondeling), donderdag 04 april 1974

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy hienen in jonkje, dat wie siik. Se tochten dat it bern de mûzels hie. Se hellen de dokter der by. Der wienen altyd katten by har om 'e doar en dy fleagen by de glêzen op.
Op in kear, doe wie der in man yn 'e keamer, doe lei der in kat op 'e diwan. Dy woe der net út, hy blaesde mar. De jouns kom der ien fan 'e jonges thús. Doe lei der in dikke kat op 'e trap. Dy joech er in skop, doe fleach dy kat by de doar op.
Doe waerd der ornearre, it jonkje soe wol bitsjoend wêze. Hwant hy hie de mûzels net.
Doe ha se duveldrek helle. Dat dienen se yn syn drinken en hy krige ek in stikje duveldrek op it boarst.
De oare moarns wie 't bern oan 't boartsjen mei de bromtop.
Doe sei de dokter: "Hjir is in wûnder gebeurd." Hwant dy tocht, dat er de nacht net trochkomme soe.
Hja makken it kessen fan it bern iepen en doe kamen dêr twa krânsen út en in healen. Se hellen de krânsen útelkoar, mar se flapten like hurd wer yn elkoar.
Der siet jern yn dy krânsen, dat hie de frou wol trije jier, foartiid brûkt.
Hja ha dy krânsen yn 'e kachel smiten. Doe't se dat dienen sprongen de katten by de muorren op.
Dit is yn 'e Westerein gebeurd.
Deselde kat dy't op 'e trap siet en dy't in skop krige fan dy jonge, dat wie de chef fan de man (fan de heit fan it jonkje). Doe't de man de oare deis op it wurk kaem, doe roun syn chef mank. Dat wie de tsjoenster.

Onderwerp

SINSAG 0677 - Zauberer verzaubert Kind (Mann).    SINSAG 0677 - Zauberer verzaubert Kind (Mann).   

Beschrijving

Een ziek kind krijgt duiveldrek in zijn drinken en krijgt een zakje duiveldrek op de borst. De dag daarna is hij genezen. In zijn kussen worden twee kransen gevonden die in de kachel worden gegooid, waarna de katten tekeer gaan. Een kat krijgt een schop, de volgende dag loopt een man mank, dit moet degene zijn die de jongen heeft betoverd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 19 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

4 april 1974
Zauberer verzaubert Kind (Mann)

Naam Overig in Tekst

Zwaagwesteinder    Zwaagwesteinder   

Naam Locatie in Tekst

Westerein    Westerein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21