Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ109523

Een sprookje (mondeling), zaterdag 06 april 1974

Hoofdtekst

Der wie in húshâlding, dêr hienen se it tige earmoedich. Dêr wienen trije soannen: Jan, Klaes en Piter.
Jan wie de âldste. Dy moest it earst ta de doar út, omdat hy de âldste wie.
Jan skarrele hwat om en op 't lêst kaem er by in boer. Hy frege dy boer of dy ek wurk foar him hie.
Ja, dy boer koe him wol brûke. It lean, dêr woarde earst net oer praet.
De boer sei: "Ik sil it wol goed mei dy meitsje."
Doe rekke de twadde soan, Klaes der ek út.
Dy kaem ek by in boer tolânne. En dy sei krekt itselde hwat de oare boer tsjin Jan sein hie: "Ik sil it wol goed mei dy meitsje."
Op it lêst rekke ek de trêdde soan der út, de jongste. Dat wie Piter. Dy wie hwat oan 'e ûnnoazele kant. Dy rekke ek by in boer yn 't wurk, en doe it oer 't lean to praet kom, sei de boer: "Ik sil it wol goed mei dy meitsje."
De âldste soan Jan hie in jier by de boer west en doe krige er in taffeltsje fan 'e boer. Mar dat wie in hiel bysûnder taffeltsje. It wie in taffeltsje dek je.
As de feint by dat taffeltsje sitten gong, dan hoefde er mar to sizzen: Tafeltje, tafeltje, dek je, of der kamen fan allerhande lekkere spizen op 'e tafel to stean, en dêr koe Jan him fan sêd ite.
Jan woe op hûs yn, mar dat wie in fiere reis. Dat koe er yn ien dei net birinne. Dêrom gong er de jouns nei in herberch ta om dêr to oernachtsjen.
It taffeltsje hied er fansels by him en doe't er dêr dan de jouns yn 't café siet, sei er: "Tafeltje, tafeltje, dek je." En doe kaem der alderlei lekker iten op 'e tafel. Jan iet him sêd.
Mar de kastlein dy hie dat sjoen. Dy tocht: "jonge, dat taffeltsje, dat is krekt hwat foar my." Doe ruile dy kastlein yn 'e nacht in oar taffeltsje mei itselde fan Jan en doe sette Jan de oare deis mei de kastlein syn taffeltsje op hûs oan.
Doe't er thús kaem, sei er tsjin syn âlden: "Nou hoeve jimme noait wer in slach to dwaen en de earmoed is út 'e hûs wei. Hwant ik haw hjir hwat, dat is mear wurdich as jild." En doe sette er it taffeltsje del by him thús yn 'e keamer oer de flier. En doe sei er de spreuk op: Tafeltje, tafeltje, dek je.
Mar der kaem neat op to stean.
De twadde soan Klaes hie syn jier by de boer ek om. Dy joech him in ezel. Mar it wie in hiel bysûndere ezel.
As er sei: "Ezeltje, ezeltje. strek je", dan tilde de ezel syn sturt omheech en skiet jildstikken.
Klaes gong op 'e ezel sitten en sette koers nei hûs ta. Mar ek foar him wie de reis yn ien dei to fier, dat ek hy bidarre by deselde kastlein, dêr't Jan ek oernachte hie.
Hy frege de kastlein om plak foar himsels en de ezel, en dat koed er wol krije.
Doe bistelde er in lekker miel en drank der by. Doe't er dat hawn hie, gong er achter nei de stâl ta, dêr't syn ezel stie, en doe sei er: Ezeltje, ezeltje, strek je - en doe skiet dy ezel allegearre jild.
Mar ek nou hie de kastlein wer sjoen hwat der gebeurd wie en hy tocht: "Dy ezel, dy mat ik ha."
Hy hie sels krekt sa'n ezel en doe ruile er yn 'e nacht de ezels om.
Dat de moarns doe sette Klaes ôf mei de ezel fan 'e kastlein. Doe't er thúskaem, sei er tsjin syn âlden: "Jimme hoeve niks wer to dwaen, hwant wy ha nou jild genôch.
Sjoch mar ris", sei er. En doe wie 't: "Ezeltje, ezeltje, strek je." Mar der kaem niks. De ezel skiet gjin jild.
Doe hie dan de trêdde soan, Piter, it jier ek om.
Hy hie 't gefal fan syn beide bruorren heard en doe't er ek heard hie dat dy by deselde kastlein oernachte hienen, hie er archwaen krigen. Hy tocht: dat mat dy kastlein har lapt ha.
Hy sei tsjin 'e boer: "Ik wol nei hûs ta, it jier is om." Doe joech de boer him syn lean. Dat wie in kneppel, en dy siet yn in sek. Mar it wie in hiele bysûndere kneppel. As jy seinen "Kneppel, kneppel, kom ris út 'e sek en slach dy man ris foar de bek", dan bigoun dy kneppel der allerûngenadichst op yn to houwen.
Mei dy kneppel yn 'e sek gong de trêdde soan op stap. Hy kaem ek by dyselde herberch.
Hy bistelde dêr iten en in sliepplak. Doe sei er tsjin 'e kastlein: "Nou mat ik ris even mei jo prate. Hwat ha jo mei myn broer syn tafeltje-dek-je dien en hwat ha jo dien mei myn oare broer syn ezeltje-strek-je?"
De kastlein bearde dat er fan neat ôfwiste. Hy ûntkende alles.
Doe sei Piter:
"Kneppel, kneppel, kom út 'e sek
en slach de kastlein ris foar de bek."
Doe sloech dy kneppel de kastlein bont en blau. En doe sei er, hy soe alles werom jaen. En dat gebeurde ek.
En sa kaem dan dy trêdde soan thús op 'e ezel, mei de sek op 'e rêch, dêr't de kneppel yn siet en mei de tafel foar op 'e ezel.
Doe hienen se gjin gebrek mear, hwant der wie fan alles, iten en jild.
En doe leefden se noch hiel lang en gelokkich.

Onderwerp

AT 0563 - The Table, the Ass, and the Stick    AT 0563 - The Table, the Ass, and the Stick   

ATU 0563 - The Table, the Donkey and the Stick.    ATU 0563 - The Table, the Donkey and the Stick.   

Beschrijving

Drie broers uit een arme familie gaan ergens anders werken. De oudste broer krijgt als loon een tafeltje dat na de spreuk tafeltje dek je vol staat met eten. De kastelein waar hij overnacht ruilt dat voor een ander tafeltje. De tweede broer krijgt een ezel die na de spreuk ezeltje strek je, geld afscheidt. Dezelfde kastelein wisselt deze in voor een andere. De derde broer krijgt een knuppel die na de spreuk knuppel kom uit de zak, gaat slaan. De derde broer spreekt de kastelein aan, als die ontkent zegt de derde broer de spreuk op. De kastelein wordt geslagen, bekend en zegt alles terug te geven. Nadat de derde broer thuis gekomen is met de ezel, de knuppel en het tafeltje is er geen gebrek meer in het gezin.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 1095, verhaal 23 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

6 april 1974
The table, the ass, and the stick

Naam Overig in Tekst

Jan    Jan   

Klaes    Klaes   

Piter    Piter   

Klaas    Klaas   

Pieter    Pieter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21