Hoofdtekst
Hjir yn 'e Westerein stie in spûkhûske, dêr doogde it net yn. Dêr doarst net in minske jouns by lâns, sa bot gong it dêr op 'e joun en yn 'e nacht altyd oan wei. Yn dat hûske ha Sake en Elske wenne.
Der flak by dat hûske wie ik ris mei myn maet by de wâllen lâns gien om pealtsjes byinoar to fandeljen foar brandstof. It wie in earme tiid en wy hienen gjin brand. It wie feitlik stellen dat wy dienen, mar as de need twingt, docht men hwat.
Wy kamen dêr op 't lân en hienen al hwat pealtsjes by elkoar. Doe stie dêr in manspersoan midden yn it lân.
Doe't wy him seagen, gongen wy dêr wei, hwant wy woenen foar him net witte dat wy dêr pealtsjes stielen.
Even letter gongen wy dêr wer hinne. Wy hienen in hountsje by ús. Doe stie dyselde man dêr wer. En doe kaem er op ús tasetten mei greate stappen. Wy makken gau dat wy fuortkamen en lieten de pealtsjes lizze.
Mar doe't wy in skoftsje wachte hienen op in oar stik lân, seinen wy: "Wy wolle dy pealtsjes dêr dochs even wei helje." Mar doe't wy wer op dat stik lân kamen, stie dy man dêr wer, op itselde plak.
It hountsje seach him net, dy woe der net hinne.
Doe sei Geart Elzinga, myn maet: "Jow my de bats. Dan slach ik der op. En as ik him net ha kin, mast my helpe." Ik sei: "Dêr kinst op rekkenje."
Doe wy dêr hinne, en - doe wie der neat. It waerd gewoan foar ús egen wei. En dochs hienen wy 't allebeide dúdlik sjoen. Hwat hat dat nou west -

Onderwerp
SINSAG 0478   
Beschrijving
In de buurt van een spookhuis zien twee mannen tot twee keer toe een man midden in het land staan. De derde keer is hij echter verdwenen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 1096, verhaal 16 (Archief Meertens Instituut)
Commentaar
onbekend
Andere Erlebnisse: Unbeschreibbare Spukerscheinungen
Naam Overig in Tekst
Sake   
Elske   
Geart Elzinga   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Zwaagwesteinde   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21