Hoofdtekst
Yn 'e Harkema wie in bern siik. De buorfrou sei: "Jimme matte yn 't kessen sjen, hwant dêr kin wol ris hwat út komme."
Doe ha se 't kessen iepentoarnd. Doe siet dêr in krâns yn, dy wie omtrint ticht. Doe gongen se nei de duvelbander ta. Dat wie jonge Jan fan 't Wytfean.
Jonge Jan joech in drank mei. Hy sei: "Tink der om. Underweis is der kâns dat ien dy op 'e nekke springt. Mar pas op 'e drank. As dy stikken rekket, dan leeft it bern net lang mear."
Mar de man kom der heel mei thús en 't bern woarde wer better.
Dy minsken dat wienen Egbert-om en Aeltsje-muoi.

Onderwerp
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
Beschrijving
Een kind is ziek en de buurvrouw zegt in het kussen te kijken. Er zit een krans in en die brengen ze naar de duivelsbanner. Die geeft een flesje drank mee voor het kind, dat ze onderweg niet mogen laten vallen. Het kind geneest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 695, verhaal 1 (archief Meertens Instituut)
Commentaar
4 juli 1969
Het drankje van de duivelbanner
Naam Overig in Tekst
Jan   
Egbert-om   
Aeltsje-muoi   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Wytfean   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21