Hoofdtekst
Ik moat ek noch even fortelle fan de neikommelingen fan “de Wylde boerinne” uit de novelle fan master Holtrop. It wiene er trije, n.l. Sjoerd, Aukje en Anne. De earste beide wiene forgroeid en doe noch ûngetroud. Anne wie troud. Se wennen doe op twa pleatskes ticht by elkoar en wiene geweldich op jild gesteld. Sjoerd, en letter Aukje, gongen sels mei it ôfwaeide “fruit” nei Snits, mei in boatsje, om er in pear sinten foar to krijen. Mar omdat it net altyd moai waer wie, barde it ris, dat Aukje strândde by it beaken, hjelwei tusken Drylts en Snits, wer se doe de hiele nacht bliuwe moast. Fan dêr nou noch it gesegde: Neaken op 'e úthoanne, krekt as Aukje.
Anne wie widdou wurden, sûnder bêrn en troude letter wêr mei in skipper. Die moast doe boer wurde. Aukje en Sjoerd wennen doe yn 'e buorren. Aukje troude op har âlde dei noch mei in jonge man, dy it net om Aukje to dwaen wie, mar om de sinten. Nei in koarte tiid waerd it skieden. Er waerd doe sein, dat de bruidegom in bút fan 10.000 goune yn 'e wacht sleept hie.

Beschrijving
Anekdotes over drie rijke nazaten van de "Wylde boerinne", roman van T.E. Holtrop.
Bron
Collectie Wouda, verslag 2, verhaal 8 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Holtrop   
Sjoerd   
Aukje   
Anne   
Wylde boerinne   
Naam Locatie in Tekst
Sneek   
IJlst   
Drylts   
Snits   
Plaats van Handelen
IJlst   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21