Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA000301

Een sage (mondeling), dinsdag 03 april 1962

Hoofdtekst

Mem har âlders wiene boer op “Strûpenkeal” in pleats oan de “âlde Rien”, in wetter, dat rint fan mids de Geeuw oan ’t Easthim. De pleats leit sawat midden yn 'e trijehoek tusken Drylts, Folsgeare en Ysbrechtum.
Ticht by de pleats lei in slúske. Op de boaijem fan dat slúske, der ’t se it wetter út rinne litten hiene, slûken se. Dêr waerden keallen strûpt en útfeane. Sa ûntdûkten se de bilesting. De pleats hat der har namme fan krige.
Pake en beppe hiene noch al hwat bern. It lêste wie in jonkje, in lytse Piter. En dat jonkje wie, mienden se, bitsjoend. Hwant net allinne wie it jonkje siik, mar moarns wie ek de hele buorkerij yn 'e war: it woe net tsjernje en der kaem hast gjin bûter.
In âlde bolrinster fan Folsgeare waerd fortocht in tsjoenster to wêzen. Se naem, op in bipaeld plak op it hiem, altyd in greate trêd, krekt oft se oer hwat hinne stapte! Soks wie fordacht!
Er waerd besluten, de duvelbanner moast komme. Dy wenne yn St. Nicolaesgea; St. Nic. seijen de minsken. Dy kaem oer om de boel op to nimmen. Alderearst waerd it holkessen lostoarnd. En ja hjer! Der siet in krânse fan fearren yn. De man liet 'duveldrek’ lizze ûnder de hikkedaempeal, under de drompel fan de hûsdoar en ûnder stiennen op it paed nei de doar. Mar it baette net, hwant it jonkje is it oare jiers stoarn!

Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

TM 3104 - Duivelsdrek als afweer    TM 3104 - Duivelsdrek als afweer   

TM 3109 - Heksenkrans in kussen    TM 3109 - Heksenkrans in kussen   

Beschrijving

Verdenking van vrouw dat ze kind en karn heeft betoverd. Nadat duivelbanner in het hoofdkussen een krans met veren vindt wordt duiveldrek onder een paal van het damhek, onder het pad naar de voordeur en onder de drempel van de voordeur. Het helpt niet, het kind sterft later toch.

Bron

Collectie Wouda, verslag 3, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Strûpenkeal    Strûpenkeal   

Piter    Piter   

Pieter    Pieter   

Alde Rien    Alde Rien   

Geeuw    Geeuw   

Naam Locatie in Tekst

Oosthem    Oosthem   

Drylts    Drylts   

Ysbrechtum    Ysbrechtum   

IJlst    IJlst   

Folsgare    Folsgare   

IJsbrechtum    IJsbrechtum   

St. Nicolaesgea    St. Nicolaesgea   

St. Nicolaasga    St. Nicolaasga   

St. Nic.    St. Nic.   

Easthim    Easthim   

Folsgeare    Folsgeare   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21