Hoofdtekst
Oare dingen út it doarpslibben wiene ek wol aerdich al wiene se net wrâld-skokkend. Dêr wie Daentsje mei syn kykkast. Daentsje reizige de streek ôf mei in kykkast. Oars hiene se doe ek niks. It wie de bioscoop fan dy tiden, moat jo mar tinke.
Sa barde it ris, dat Daentsje nei “de Wiske” gong. Dat wie in streek fan inkele boerehuzen. Doe hy dêr wer wei kaem, seach er syn “fortsjinst” ris nei yn 'e lijte fan de dyk. En doe helle er trije “Brabanders” út de sinten! “Brabanders” wiene net-jildige sinten.
Hy fortelde it op 'e “beurs”, in plak tichte by de tsjerke, hwer al de arbeiders by elkoar kamen, sneinto-middeis. It praet gong dan oer ierpels en sa en of dominé in berop oannimme soe.
Daentsje sei, dar er maetregels nimme soe. De mannen wiene tige binijd. Fansels, dit koe sa net. Daentsje loste it fraechstik mar knap op.
De mannen wiene tige binijd. Fansels, dit koe sa net. Daentsje loste it fraechstik mar knap op.
Op, of boppe ien fan syn printsjes skreau er:
“Die mij betaalt met valse centen,
laat ik ook zien valse prenten.”
Daentsje wie in politikus. Hy sei by eltse boerinne, as er it sjen liet, sabeare skrokken:
“O nee frou, dit plaetsje is net foar jo. Dit is foar de minsken, dy my falsk jild jown ha.”
Doe er syn bút letter neitelde, hie der der gjin “Brabander” ûnder; wol in dûbeltsje tusken de sinten!

Beschrijving
Man met kijkkast krijgt ongeldige munten van klanten. Dat stopt met het rijm dat als hij valse centen krijgt, hij valse plaatjes laat zien.
Bron
Collectie Wouda, verslag 5, verhaal 4 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Daentsje   
Brabander   
de Wiske   
Plaats van Handelen
Koudum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21