Hoofdtekst
Nolke wie in omstipper. Hy die leafst net to folle en koe better de hân ophâlde dan oan it ark slaen.
Mar op in kear wie Nolke net al to goed en gong er nei dokter Visser. Dr. Visser hie noch in buordtsje op 'e muorre:
W. Visser geneesheer.
Nolke waerd ûndersocht en dokter sei: “Ik sil dy hwat pillen klear meitsje. Trije kear deis twa ynnimme.”
Nolke wie bang foar syn hachje en fortroude it net al to goed. Dêrom sei er tsjin syn frou: “Dokter hâldde my oan. Hy wie ûngerêst oer dy. Do waerdst to dik, sei er. Hy hat my hwat pillen foar dy mei jown: trije kear deis twa.” Syn frou leauwde it en naem getreast de pillen yn. Doe har der neat fan oerkam, naem Nolke it ynnimmen oer. Dokter hearde der fan en sei tsjin Nolke: “Fortrouwst my net? En as it nou net doocht hie? Weagest dei dyn wiif oan?” “Ja”, sei Nolke, “dat wie fansels wol slim west, mar it himd is neijer as de rok en dan wie ik toch bûten skot bleaun.”

Beschrijving
Man laat pillen die hem voorgeschreven zijn, door zijn vrouw uitproberen.
Bron
Collectie Wouda, verslag 5, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
W. Visser   
Visser   
Nolke   
Plaats van Handelen
Koudum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21