Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA000701

Een sage (mondeling), vrijdag 25 mei 1962

Hoofdtekst

It forhael fan it sûkerskip, sa ’t it noch by âlde Makkumers libbet.
Sa’n hûnderd jier liden strânne biwesten Makkum, ± fiif kilometer út é kust, op 'e waerd in houten sétsjalk, laden mei balen sûker. Troch it forskrikkelik minne waer rekke it skip wrak en de minsken, dy der op wienen, fordronken. (Sûker wie doe, folle mear as nou, in djûr, foar it gewoane folk ûnberikbere lekkernij).
Forskillende fiskers út Makkum gongen der op ôf, om to redden hwat to redden wie - foar har sels alteast! Se kamen, mei as bút balen sûker, werom, wylst op it haed in greate kliber folk harren opwachte. De iene stuts de oare oan en it nijs fleach de sépleatsen troch. Der wienen al gau ek kapers op é kust.
Texelders kamen b.g. mei harren fartugen op it gerucht ôf. Mar de Makkumers sieten it tichtst by it fjûr en wisten ûnder oanfiering fan “Sterke Harmen” in ûnbidich sterke fisker, baes to bliuwen yn de lytse fjuchterijen. It gong der wol ris hwat rou ta. Skippers en fiskers mije net! Sa giet it forhael, dat “Sterke Harmen” mei de iene hân in “betwist” bael sûker grypte, wylst er mei de oare in Texelder, dy der ek oanspraek op makke, oer board sette.
It âlde slûkersbloed liet him jilde. Polysje en kommizen koènen of woènen net baes wurde en bislach lizze. De oerheit miende it lêste en se binne der letter om ôfset.
Ik tink it earste. It wie suver in folksbiweging. Nei algemien oardiel wie it strânguod, dat takaem oan dy it foun!
Gekke toanielen spilen har ôf. Sa roun der in man, mei in bael sûker op 'e rêch, troch it doarp. Frouljue mei in mes der achter! In snee yn 'e sek en de skelk der ûnder!
Elk woe sûker ha. By in gesin leinen de kammenetsladen strykfol sûker, yn in oar gefal skepten se de reinwettersbak leech en stoartten him fol sûker. Memmen brochten de bern op bêd en fortelden fan it sûkerskip.
It waerd sels in sechje: Bek Kike! heit sil fan ’t sûkerskip fortelle! Lange jierren heerske yn Makkum de miening, dat de bakkers noch sûker brûkten fan it sûkerskip.
Ik kin my net herinnerje, dat der skuldigen straft binne.
Jutten wie by de bifolking in strânrjocht!

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Verhalen rond het jutten van balen suiker van een schip dat is vergaan.

Bron

Collectie Wouda, verslag 7, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Sterke Harmen is Harmen Munniksma.

Naam Overig in Tekst

Makkumer    Makkumer   

Sterke Harmen    Sterke Harmen   

Harmen Munniksma    Harmen Munniksma   

Texelder    Texelder   

Naam Locatie in Tekst

Makkum    Makkum   

Plaats van Handelen

Makkum    Makkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21