Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA000702

Een personal narrative (mondeling), vrijdag 25 mei 1962

Hoofdtekst

Een 'tijdsbeeld' van dezelfde verteller.
Yn 'e foarige ieuw wie yn Makkum in nochal greate industry. Om 1895 hinne wienen dêr seis greate monen, to witten: ien roggemone, ien semintmone, ien oaljemone, ien papiermone en twa houtseachmonen. En dan in great tal panwurken (pannenbakkerijen). Ek hienen jo der fjouwer hellings of skipswerven, hwer in bulte fiskersskippen en tsjalken boud waerden. Der wienen doe noch acht kalkouns oer fan de wol tritich yn eardertiid. Foar 1880 waerden hjir alle skulpen út sé oanfierde en opslein. Se waerden mei 'houtsjompen' en binneskippen nei Grinzerlân en oare plakken forfiert hwer kalkouns stienen.
Sa hienen jo ouns yn Makkum, Harns, Skinkeskâns, Drachten, Gedyk, Hearrenfean. Nou binne allinne yn Snits en Harns noch ovens.
De lêste fan Makkum is ophâlden yn '29 mei it meitsjen fan de ôfslútdyk, Dy oun waerd doe sloopt en it pún gong nei de súderséwurken.
Foar de tachtiger jierren hienen jo sa'n tachtich skulpfiskers, meast blazers mei twa of trijeman oan board. Se foeren fan hjir nei Texel, Skylge of Amelân om dêr biy ebbe de skulpen op te fiskjen. In swier en muoisum wurk.
Mar yn '79-'80 binne der stoom-skulpsûgers kommen en mar inkele skulpfiskers oerbleaun.
Dy houtsjompen wienen Dútsers fan Hamburg en sa, gy hjir ikenhout brochten foar de trije of fjouwer hellingen. Se fierden planken oan, mar ek beammen en namen as werom-fracht pannen en ek wol skulpen mei. Fan dêr de houtseachmonen.
Nei '80 hie it skulpfiskjen foar de Makkumers gjin sin mear en waerden de measten fan dy mannen loggerlju en séskippers. Mar har 'domesylje' hâldden se yn Makkum.
Sa in fyftich mannen gongen foarjiers nei bygelyks Flaerdingen en letter nei Dútsklân nei de fiskerij. Oaren, sa'n twintichtal, waerden skipper, farrende op de skulpmachines. De skulpen waerden laden op sé, by de sûgers.
Se foeren lang mei houten skippen, om 't izer, nei se mienden, net sa goed tsjin séwtter koe. Ek wy bigounen mei houten, mar moasten neijerhân op izeren oergean. Yn 1917 forgong myn skip, doe't wy probearren in klipper, dy op 'e waerd fêstroun wie, to lichten en sa to bergjen. Wy wiene net forsekere! Mar dochs krigen we in nij, nou izeren, skip. Yn 1936 krigen we der in 30 p.k. Kromhout-motor yn. Tsjintwurdich farre der gjin skippen sûnder motor mear. De sylfaert hat ôfdien.
As sport ha je noch in tsjiental Fryske tsjalkjes fan sa 'n 40 tonne, dy yn augustusmoanne op 'e marren en 't Iselmar wedstriden hâlde.
Hwat Makkum oangiet: de werf fan eartiids Alkema, nou Amels, is forpleatse nei de bûtenhaven, hwer it bidriuw him sterk útbreide hat. Tsjientallen coasters en fiskersskippen bin dêr al boud. Mar ek greater: in bananeboat fan sa 'n 3500 tonne en nou stiet der in 5000 tonne op stapel.
Der is in nije fiskerij-ôfslach kommen foar u.o. iel en snoekbears. Mar forskillende fiskers binne nei Harns gongen foar de garnalenfiskerij.

Beschrijving

Industrie voorheen; veranderingen in (schelpen)visserij en soort schepen.

Bron

Collectie Wouda, verslag 7, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Grinzerlân    Grinzerlân   

Skinkeskâns    Skinkeskâns   

Amelân    Amelân   

Dútser    Dútser   

Makkumer    Makkumer   

Kromhout    Kromhout   

Fryske    Fryske   

Alkema    Alkema   

Amels    Amels   

Skylge    Skylge   

Terschelling    Terschelling   

Texel    Texel   

Naam Locatie in Tekst

Makkum    Makkum   

Harns    Harns   

Harlingen    Harlingen   

Drachten    Drachten   

Gedyk    Gedyk   

Gorredijk    Gorredijk   

Hearrenfean    Hearrenfean   

Heerenveen    Heerenveen   

Snits    Snits   

Sneek    Sneek   

Hamburg    Hamburg   

Vlaardingen    Vlaardingen   

Flaerdingen    Flaerdingen   

Plaats van Handelen

Makkum    Makkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21