Hoofdtekst
Ik bin berne yn Lytsebuorren by Nylân.
Doe ik sa 'n njoggen jier wie, yn 1893 dus, ha wy in freselik droege simmer hawn. De reinwettersbakken leech; de fearten en sleatten leine droech. De tsiizjende en tsjernjende boeren wiene gled forlegen, want se hiene gjin wetter mear to bûterwaskjen. Nou wennen wy yn Lytsebuorren yn in âld pleats. Dy wie fortimmere. It foarein stie der noch; fan de skuorre wiene wenten makke.
Yn 't foarein wennen wy. Wy hienen in opkeamer, in keammerke, in molkekelder ûnder de opkeamer, en in pûskoken, hwer 't mem sear en brette.
Us doar wie yn twaën: in boppe- en underdoar. Yn de greate opkeamer wiene twa bedsteden en dêr tusken in greate diggelkast. Yn dy kast wie in treppen nei boppen ta. Op de solder wie in greate boazum mei in spekhok. Heit hie alle winters spek fan ús boer Aurelius Jorritsma, hwer 't heit yn 1877 arbeider by wurden wie, yn dat spekhok om to rikjen.
It wie in greate pleats fan sa 'n hûndert pounsmiet (± 30 hektare). Letter waerd heit hwat se nou neame soene bidriuwslieder. Yn 1897 waerd ik dêr lytsfeint. Learen wie der net by, al woe ik - en ek master - it graech. Heit en dy koene de fortsjinst net misse.
Mar om op dy droege simmer werom te kommen: Achter, yn it bûthus, wie in put en de boeren kamen fan alle kanten nei ûs ta om wetter, hwant de âlde feart, dy fan Nijlân oer Lytsebuorren nei de Bontekoe rint en dan mei in dûker ûnder de wei troch nei Folsgeare, wie sa goed as droech. Allinne op de djipste plakken stie noch hwat wetter. En fansels, der wie de fisk geargarre. Wy oan 't modderjen en dan mei in riûwe de boppeswemmende fisk der út helje. Wy hellen der sawntjin snoeken út en ammerfollen wytfisk en bears.
It wie ek in forskrikkelik mûzejier. It lân like suver omploege. Se swilen wol fjouwer ekers oer om in wjudske hea to krijen. Ik naem oan om to mûzedrinzgen. Mei in ammerke wetter sette ik nei 't lân. Ik krige foar fjouwer mûzen in sint en dan telden de keale net mei! Ik hie in blau sekje by my, der die ik de deade mûzen yn. Ik hie sa mar hûnderd. Dan nei de pleats to telle. In kwartsje fortsjinne! Doe by Jorritsma de mûzen sahwat op wiene, nei buorman Breeuwsma foar deselde priis.
Ik wit noch, dat ik yn 'e sechteheal in wyt mûske mei reade eagjes foun. Dat naem ik libben mei yn 'e pet en liet it de boer sjen. Boer Jorritsma kocht it fan my foar in kwartsje.
Ik bin ek in birops-aeisiker west. Mei seis jier bin ik al bigoun en ik ha it dien oan myn fiifensawntichste jier ta.
Hwat dy put oangiet, nou oeral wetterlieding is, is der oerstallich. Se ha him ôfsluten mei in bitonnen plaet.

Beschrijving
Herinneringen aan droge zomer van 1893; woonomstandigheden.
Bron
Collectie Wouda, verslag 8, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Aurelius Jorritsma   
Breeuwsma   
Jorritsma   
Naam Locatie in Tekst
Lytsebuorren   
Folsgare   
Bontekoe   
Nylân   
Folsgeare   
Plaats van Handelen
Nijland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21