Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA000901

Een personal narrative (mondeling), dinsdag 05 juni 1962

Hoofdtekst

Doe ik 15 jier wie, wenne ik op in turfskip as feint by in minne baes. De measte foarige feinten koenen it net in jier folhâlde. Ik ha twa jier by him faren. Hy hjitte Aart Schuitemaker en wenne yn Heech achter it tsjerkhof. Myn twadde skipper wie Hetze v.d. Schuit. Wy faarden tiisdeis nei Snits. Ik rekke wer by him wei. Ruzie? Nee mar Foeke Kupers kaem by my en frege of ik by him wenje woe. Melke, boatse fare, yn 'e winkel helpe. Do kinst tachtich goune fortsjinje, sei er. Tongerdeis beslute ik om nei him ta. Ik ha trije jier by him wenne. It wie in drok plak. It twadde jier sei ik: ik wol net minder as honderd goune. “Dat ha ik noch nooit jown” se er. En ik:“dan wurdt it wol tiid.” Ik wie dêr ek yn de strange winter fan 1890-'91. Mei in B. Schotanus moast ik nei Boalsert om trije fetten petroalje bij Oosterbaan wei te heljen. It waeide hurd út it oasten. Ik sei tsjin Schotanus:“Jo krije yn Parregea in kop molke fan my. Wy namen elk twa kop. It wie in stûr it kop. Wy rieden it ringwiel wer op; rjocht yn 'e wyn. Doe ik mei de slide oer wie, moast ik werom en myn maet ophelje. Hy koe syn slide der net oer hinne krije.
Ik sei tsjin Kupers:“Nou ha ik trije fetten oalje helle en in stûr fortsjinne.” Hy sei:“Hoe sa?” Ik rekkene him foar: fjouwer kop molke is twintich sinten; en ik fortsjinje deis in kwartsje. My tinkt ik moast dy twintich sinten fan jo werom ha. Mar dat woe er net. Wy krigen der hwat spul oer.
De oare deis (tiisdei) rieden we mei de slide nei Snits. Der wie mesyk yn 't Lemster fearhûs. Wy dronken dêr in bakje kofje en ieten ús iten op. Twa mannen sieten der to praten oer in feint. De iene, in lytse, swarte man sei:“Ik moat noadich in feint ha.” It wie, blykte letter Wiebe Feenstra fan Molkwar. Ik frege:“Wat dogge jo Feenstra? Hy:“gewoan winkel, foeraesje- en tsiishandel. Dy tsizen moatte skrabe wurde foar de merk.” Ik sei:“Ik ha mot hawn mei Foeke Kupers. Hwat litte jo fortsjinje?” Hy andere: “honderdtachtich goune.” “Ha jo ek kij?” “Né, oars net as in kat.” “Ik moat it berop mar oannimme” sei ik. “As jo tongersdei-middei in mantsje nei Gastmar stjûre, dan stean ik mei myn kiste klear.” Jo moat tinke die honderdtachtich goune hearde my mooi yn e earen. De jouns sei ik tsjin Foeke:“Tongersdei gjin ik by jou wei. Hy wie noartich en hâldde my 4x2 goune fan myn lean ôf.
Ik kaem by Wiebe Feenstra to wenjen en foel der o sa goed yn 'e smaek. Ik wie jong en sterk en redsum. Hy wie wedenaer en wenne mei twa jonges en in âlde heit. Hy hie in hushâldster. De oare winters sei er:“Ik wol dy net wer misse en sil it toane ek: do krigest wyks in goune mear. Dat wie dan twahonderdtritich goune! Ik bleau noch in jier, mar ik wie hwat ûnwennich. It wie hwat fier fan hûs.
De Wâldeinder fearskipper Lyclema faerde tiisdeis en saterdeis op Snits, woansdeis op Balk en freeds op Woarkum. Dy hierde my yn, om 't syn soan yn tsjinst wie. Ik fortsjinne honderfyftich goune mar wie hwat nijer bei hûs. Dat wie in 1895.
Op in simmerdei leinen Ruerd Fortuin fan Snits en Lankhorst fan 'e fabryk to Oasingahuzen mei in tsjotter oan 'e wâl. Se soenen hurdsile op 'e Sleattemer mar. It gyng fan Balk út. Se fregen of ik ek mei woe as stjûrman. Ik sei:“dan moat ik earst de baes freegje.” Dy sei:“ik soe it mar oannimme.” Ik gong mei en wy wounen de fjirde priis.
Ik brocht se de jouns nei Heech, de Wâldseinder rakken troch en krige in ryksdaelder fan Lankhorst. Dy sei tsjin mei: “Wannear giest by Lyclema wei?” “As syn soan út tsjinst komt.” “Dan kinst by my op 'e fabryk komme as bûterkneder. Do kinst njoggen goune wyks fortsjinje.” Dat gong oan. Ik fortsjinne njoggen goune, joech thús trijegoune kostjild en hâldde seis goune oer. Dat like best. Mar de wurktiden wiene fan moarns fiif ure, dus healwei fiven fan hûs, oan 't healwei tolven; dan nei Heech rinne ite en werom om fiif ure oan 't jouns healwei elven, dus elf ure thús. Sneins krekt sa goed as deis. Dat wie my op den dûr to slim. Ik tocht:“hjir net bliuwe. Sa rekke ik wer oan 't faren by Lyclema.
Froeger (bedoeld eertijds) leien de fearskippen achter elkoar yn 't Greatsân to Snits; op 'e rigel ôf dy fan Koudum, Hynljippen, Heech, Wâldsein en Balk. De skipper fan Hynljippen hie gjin feint. Hy woe my wol ha. Ik koe seis goune wyks fortsjinje.
Ik hie forkearing krige yn Wâldsein. Ik hie in pear jier by him fean, doe woenen wy trouwe en ik sei tsjin de Hynljipper:“Ik gean by jo wei.” Hy sei: “Kanst later de saek wel kope.” Ik:“wanneer?” Hy:“Dat weet ik niet.”“Dan ik wol” wie myn andert.
Wy binne troud yn Wâldsein en ik bigoun in karriderij op Snits mei in hounekarre.
Wy hienen wat ierpels en grienten to keap en moandeis ried ik oer Yndyk en Ypecolsgea nei Snits. Tiisdeis wer nei Snits; Woansdeis nei Smallebrêge; Tongersdeis wer nei Snits; Freeds sutelje yn Wâldsein; Sneons wer nei Snits. Njonkenlytsen krige ik der foeraesjehandel by: maismoal en lynmoal fan Smilde fan Snits oan 'e Toppenhústerdyk.
Wy wienen yn Maeije troud tusken de âlde en nije ierpels yn. As ik de ierpels brocht, dan krige ik faek ek in sekje mais besteld. Sa groeide de handel. Yn it drokst fan 'e tiid kocht ik fyftichtûzen lynkoeken fan Roelfsema fan Grins en ek fyftich tûzen fan N.N.O. fan Hoogkerk.
Ik kocht se al yn jannewaris foar de oare winter. Dat wie fordielich, want der kaem gauris in berichtsje:lijnkoeken met 50 c per honderd verhoogd. en dan koe ik se de boeren noch foar de âlde priis leverje.
Nei de ûngetiid gong ik dan by de boeren langs en koe har wize op myn priis dy faek in goune leger lei.
Ik wie fiifentweintich doe ik troude yn 1898. Twa en tritich jier ha ik mei it karke nei Snits riden.
Yn 1930, doe ik 57 jier wie binne wy rintenierjen gong. Ik kocht earst in húske yn 'e 2e wâldstrjitte to Snits, mar doe 't er op ta soe, seach myn frou der tsjin oan. Se wie noait út Wâldsein wei west.
Doe kochten we in húske yn Wâldsein. Wy ha dêr fyftjin jier rinteniere. Doe rekke myn frou wei: kanker.

Beschrijving

Herinneringen aan uitgeoefende beroepen, met de verdiensten.

Bron

Collectie Wouda, verslag 9, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Aart Schuitemaker    Aart Schuitemaker   

Hetze v.d. Schuit    Hetze v.d. Schuit   

Foeke Kupers    Foeke Kupers   

Kuipers    Kuipers   

B. Schotanus    B. Schotanus   

Oosterbaan    Oosterbaan   

Lemster    Lemster   

Wiebe Feenstra    Wiebe Feenstra   

Wâldseinder    Wâldseinder   

Lyclema    Lyclema   

Ruerd Fortuin    Ruerd Fortuin   

Sleattemer    Sleattemer   

Greatsân    Greatsân   

Hynljipper    Hynljipper   

Roelfsema    Roelfsema   

N.N.O.    N.N.O.   

Naam Locatie in Tekst

Heeg    Heeg   

Snits    Snits   

Sneek    Sneek   

Boalsert    Boalsert   

Parregea    Parregea   

Parrega    Parrega   

Molkwar    Molkwar   

Molkwerum    Molkwerum   

Gaastmeer    Gaastmeer   

Balk    Balk   

Workum    Workum   

Koudum    Koudum   

Ypecolsgea    Ypecolsgea   

IJpecolsga    IJpecolsga   

Smilde    Smilde   

Grins    Grins   

Groningen    Groningen   

Hoogkerk    Hoogkerk   

Hindeloopen    Hindeloopen   

Plaats van Handelen

Heeg    Heeg   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21