Hoofdtekst
De man sûnder bigraffenis
It húske stiet der noch, mar it kin elk ogenblikôfbrutsen wurde. Dêrom is 't wol goed, dat de skiednis, deroan forboun, biwarre bliuwt.
It húske stiet achter de Eegracht oan de dykgrêft yn Drylts.
Dêr wenne in sonderlinge man. Ien ding: hij hâldde fan goed iten en drinken. Derom wurde altyd tsjin him sein: Sikke-spek en aeijen.
Bikind is, dat Sikke mei in boatsje langs it stalt foer dêr 't Matsen blei fisk skjin makke en tige fluensk sei:“Soa Matsen, in bleike?” en Matsen bired andere:“Ja Sikke, hwant spek en aeijen kin 't net lije.”
Sa 't ik sei: hy wie hwat sonderling en men koe him gau ris hwat wiis meitsje. dan seinen se bygelyks: de man mei de seine hat ek wer yn Drylts west. Dan waerd er stjerrende binaud. Hy tochte en sei: as de man mei de seine by myn doar komt, dan slaen ík mei de seine. En sadwaende hie der altyd in seine yn 't bedsté stean.
Hy hie in bytsje femylje yn Amsterdam en dêr gong er by tiden wol ris hinne. Sa barde it dan op in kear, it wie yn 'e simmer, dat it húske sluten bleau. De buorren tochten: hy sil wol nei de femylje wêze. Mar it hie al fjirtjin dagen, trije wike, duorre en noch wie hy net werom. De misnken, dy dan deis en jouns nei it bjinstap moasten achter op 'e wâl seinen: “Hwat bigjint it hjir to stjonken.” It waerd stadichoan slimmer, dat sy stelden der de polysje mei yn kennis. Dy bruts de boel iepen. Der stie yn 't gankje in ljedderke en ...... dêr hong Sikke yn fiere steat fan ûntbining. De timmerman is roppen. Se ha in pakkiste naem, dy der ûnder, in bile nommen en it tou troch sleind. Doe ha se de kiste ticht spikere, de mallejan fan de timmerman helle en sa is der op in drafke nei it tsjerkhof brocht. Sa is Sikke sûnder bigraffenis to hôf brocht.

Beschrijving
Man die aan een vrouw die vis schoonmaakt vraagt of het een baars (haar bijnaam) is krijgt als antwoord dat zij zich geen spek en eieren (de bijnaam van de man) kan veroorloven. Hij laat zich bang maken als wordt gezegd dat man met de zeis weer gezien is. Na enige tijd blijkt dat hij zich van het leven heeft beroofd; gezien de staat van het lichaam is er geen begrafenis.
Bron
Collectie Wouda, verslag 10, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)
Naam Overig in Tekst
Sikke   
Sikke-spek en aeijen   
Matsen   
Matsen Blei   
Eegracht   
Naam Locatie in Tekst
Drylts   
IJlst   
Amsterdam   
Plaats van Handelen
IJlst   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21