Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA001002 - In forhael fan myn mem

Een sage (mondeling), donderdag 07 juni 1962

Hoofdtekst

In forhael fan myn mem
“De gouden boaijum” sa hjitte in pleats tusken de Hommerts en Oasingahuzen. (It wetterskip fan Heech hjit nou noch: de gouden boaijum.”
De buorkerij lei hwat ôfgelegen. Slachter, bakker en winkelman kamen oan de doar.
Men sei: It doocht dêr net. As de boer en de frou ris út to kofjedrinken woenen, koenen se gjin húswardster krije by de bern, want, sa de folksmûle sei spûke it dêr. Der wienen wol húswardsters weest. Dy fortelden: at se dêr wienen, gongen alle doaren út har sels iepen.
Op in kear stie dan in slachtersfeint by de frou op it bjinstap. Der kam yniens hwat oansweven. Mar hwat it wie seach hy net sa gau. It wie midden op 'e dei. Hy sei tsjin de frou:“Wat wie dit?” Se sei:“Och dat bin wy wol gewoan. Wy sjogge it wol faker.” “Dan wol ik hjir wol ris in joun húswarje” sei er, hwant hy wie net bange útfallen. Dat gebeurde. De boer en de frou gongen út to kofjedrinken en hy kaem to húswarjen. Hy siet in goed ûre yn in boek te lêzen en .... samar gongen alle doaren iepen. Hy gong fan de stoel ôf en rôp:“Is der soms ien?” It galme troch it hele hûs hinne. Hy krige gjin gehoar en slute alle doarren wer. Mar nei in trije ketier wie it itselde tafariel wer. Hy socht alles ôf, mar koe niks fine. “As dit dan gjin spûkjen is, dan wyt ik it net” sei er by him sels. “Ik sil de boer en de frou noch ôfwachtsje en tsjin har sizze, dat se komme my hjir noait wer to sjen. Ik fortrou it hjir net.”
Letter soe de eigenares, dat wie de boer syn mem, ek ris húswarje. Doe hienen jo it selde tafariel wer. Se hat de bern roppen en is der mei it fjild yn gongen nei 't se de hele boel yn 'e brân stutsen hie.
Se hat sein: Der komt wer in nije pleats, mar net wer op dit plak.”
Doe dan de âld-pleats fjirder ôfbrutsen en de groun ôfgraven en flak makke waerd, kamen se ek by de stallen. Der kamen se ta de ûntdekking, dat sa'n jellen ûnder de rollaech allegear liken bigroeven leinen!

Onderwerp

SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.    SINSAG 0478 - Andere Erlebnisse; unbeschreibbare Spukerscheinungen.   

Beschrijving

Op een boerderij gaan de deuren uit zichzelf open. Een slagerskecht die zegt niet bang te zijn, wil dat wel meemaken, maar meent dat het spokerij is. Ook de eigenares maakt de spokerij mee en steekt de boerderij in brand. Bij verdere afbraak blijken onder de stal lijken te zijn begraven.

Bron

Collectie Wouda, verslag 10, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

De gouden boaijum    De gouden boaijum   

Naam Locatie in Tekst

Hommerts    Hommerts   

Heeg    Heeg   

Heech    Heech   

Oasingahuzen    Oasingahuzen   

Osingahuizen    Osingahuizen   

Plaats van Handelen

Hommerts    Hommerts   

Osingahuizen    Osingahuizen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21