Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA001101 - Slûkjen

Een sage (mondeling), woensdag 13 juni 1962

Hoofdtekst

Slûkjen
Myn oerpake wie de soan fan in skuonmakker, dy Jouke hjitte. Myn pake wie in Gerben, dy dus Gerben Joukes neamd waerd. Dy pake fan my hie gjin sin in skuonmeitsjen, mar wol sin yn aventûr. Hy bigoun to faren en kocht al gau in skip. Nou wie it yn de Frânske tiid en der waerd yn Makkum noch al oan slûkjen dien. En pake wie der foaroan by. Der wie in bisetting yn Makkum en der wienen, douaniers!
As in skip utfaer gongen der in pear Frânske soldaten mei om ta to sjen ot der ek slûke waerd. Mar pake en de feint wister dêr wol rie op. Der gong in greate flesse mei sterke jenever en in kikkertsje (in romerke sûnder poat) mei. As se dan goed en wol foeren, sei pake tsjin de feint:“Wy moatte earst mar ien ha, net?” En dan kamen flesse en kikkertsje foar den dag. Se namen elk ien, noait mear! en burgen it spul wer op. Se dienen krekt at se yn de longerjende soldaten gjin earch hienen. Mar de soldaten seagen skealik as de flesse wer wei set waerd en dan pake sabeare fornuvere:“Och …. hienen jimme ek sin oan ien?” Fansels wie it oui! ja en dan pake:“Hjir is de flesse en it kikkertsje; jim moat jim sels mar rêdde; wy ha de hannen fol oan roer en skoat. Mar net to raer hjer!” It skuorde nea út: it duorre net lang of se leinen har roes út to sliepen.
Underwiles naem pake syn trekken waer. De lading fan it smokkelskip wurde oernommen; meastal sûker en tabak. Dan wer op Makkum oan en gau de boel yn in pakhús. As de boel biredden wie, pake nei de soldaten.:“Nou, hoe is ‘t, wy binne al wer yn Makkum; sil jim ek ris wekker wurde?
Pake wie in biis. Fansels hie er altyd aerdich hwat tabak yn foarrie. Hy hie dat forstoppe yn in holle bolke by him op solder. Moars wie syn eerste loopke nei de syl. It pypke oan en dan mocht er graech de Frânske douane hwat reek oanblaze. Dy rûkten wol dat dit gjin eigen teelt of Amersfoorter wie. Hy krige dan ek om ‘t hoartsje hússiking. Dy tabak moast ynlevere wurde. Faeks hienen se der sels ek sin oan! Mar se koenen it noait fine.
Doe kaem 1813. Pake krige yn ‘e gaten, dat se fourt soenen en fan op slûkjen passe kaem al neat mear. Hy sei tsjin har:“As jim nou de tabak fine, krije jim hwat mei.” Dat wie oan gjin dôven sein. Se kamen. Pake:“Sykje mar. Ik sil wol sizze as jim fet of meager binne.” Earst ûnder: meager. Nei de solder: fet. Ien stie by de bolke en pake sei:“Nou kinst der hast in prúmke fan nimme.” Mar se founen neat en seinen:“Wy jowe it op.” Doe gong pake mei syn hân achter in hoannebolke langs, in plankje yndrukte en hy helle der in klute tabak út.
“Dêr hienen wy it noait foun” seinen se en pake: Dêrom hie ik it dêr ek forstoppe.

Beschrijving

Manier waarop schipper in de Franse tijd kan smokkelen.

Bron

Collectie Wouda, verslag 11, verhaal 1 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Gerben    Gerben   

Gerben Joukes    Gerben Joukes   

Frânske    Frânske   

Amersfoorter    Amersfoorter   

Naam Locatie in Tekst

Makkum    Makkum   

Plaats van Handelen

Makkum    Makkum   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21