Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA001203

Een sage (mondeling), woensdag 13 juni 1962

Hoofdtekst

Dat dyselde dokter wol ris hwat wûnder mei syn pasjinten omsprong, blykt wol út de folgjende bilibbenissen.
Dokter lotte foar al syn jonges, hwant dy wiene studint en net thús. De beide earsten lotten frij, mar foar de tredde lûkte er in leech nûmer.
Hy kaem fuort dernei by ien fan sien pasjinten, in sunige, deune, gjirrige boer. Dy sei spytgnyskjend tsjin him:“Ik bin mar bliid, dat dokter ek ris ynlotte is.” “Nou hwerom?” sei dokter. “Dan kin dokter ek ris in ramplesant keapje.” “Soa, sei dokter, “en tochtst dan dat ik dy bitaal?” “Nou, hwat oars?” frege de boer. “Wel, dou en dyn gelikens fansels. Ja, jong, dat gaat so. As ik de rekeningen útskrieve moet, dan sech ik bij mij sels: Wat is der nou ek mear? O ja, dy ramplesant fan drie- of vierhonderd gulden. Nou en dan ga ik it rigeltsje langs. Dat is in winkelman, die mar fijf gulden ekstra; dat is in arbeider, die slaan ik mar over; dy wedefrou ook; dat is in lytse boer, die moet mar tien gulden offere en ben ik aan dij toe, dan sech ik bij mij sels: dat is in ouwe potter,die kan wel ôfskuve, dat dou moest mar rekene, dou krijst der sa ‘n fyftich gulden oerhene.”
Jo hiene it gesicht fan dy boer ris sjen moatten.
Hy sei:“Giet dat sa?” “Ja wis en wrachtich” sei dokter. “Wat tochtst dat ik dat bitaalde? Dat doen jim meiinoar.

Beschrijving

Gierige boer is verheugd dat dokter zijn zoon niet heeft kunnen vrijloten voor de dienstplicht, en een vervanger moet kopen. De dokter houdt de boer voor dat hij de kosten voor de vervanger aan zijn patiënten doorberekend, waarbij de rijken extra betalen.

Bron

Collectie Wouda, verslag 12, verhaal 3 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

Naam en woonplaats van de in het tweede verhaal voorkomende dokter wenste de verteller niet genoemd te hebben met het oog op familieleden van de arts, die vooraanstaande posities in Friesland innemen.
Zie WOUDA001201, WOUDA001202

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21