Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA001302 - In fornimstich man

Een personal narrative (mondeling), woensdag 04 juli 1962

Hoofdtekst

In fornimstich man
In man, in kunstner, dief en skoaijer.
Doe ‘t ik in skoaljonge wier fen sa ‘n jier of njoggen tsien, gyng myn heit, dy yn ‘t deistich libben winterdei slachte, maertiids bargekeapman en skieppeknipper en simmerdei mier wier, wol folle to meanen mei in man, dy ‘t ek forskate ambachten ûnder de tomme hie.
Wy hiene as bern in tsjinsin yn de man, hwet net sa ‘n wûnder wie. It wier in lyts dûbeld mântsje, mei in pear fûle eagen en in reade dranknoas en goar en sútrich yn ‘e klean. Mar heit sei, dat er tige meane en binammen bûtengewoan skerpje (harje) koe. Bûtendat wier it in betoefd houtsnijer. Winterdei die er oars neat. In hopen bakkersfoarmen binne troch him útsnien. Ek makke hy prachtige liuwen, dy eartiids algemien op ‘e roeren fen de fryske boeijers sieten. Ik ha forskate fen syn wurkstikken sjoen.
Mar bihalve dat, wier it ek in bitoefde ynbrekker. Hy hat heit wol ris forteld, dat er yn ús hiele plak net in hûs wie, of hy hie der by nacht wol yn west. Mar op in kear is him dat dochs needlottich wurden. Hy hie by de boargemaster ynbrutsen, mar by ‘t forkeapjen fen it tafelsulver waerd er snapt en hat doe in tiid útfanhûzje moatten yn Ljouwert.
Hy hie ek in greate húshâlding, mar de measten fen syn bern binne goed torjochte komd.
Nei ‘t er út ‘e finzenis kaem, rekke er alhiel oan ‘e drank en doe bin syn wiif en bern nei Amearika forhûze. Letter, ha ‘k heard, hat ien fen syn jonges it ta millionair brocht. In oaren, dy ‘t hjir ek al net doogde, is op ‘e electryske stoel torjochte komd en de oaren binne heel gewoane degelike boargers wurden.
De man sels ha ‘k sa ‘n fjirtich jier forlyn noch ris sjoen. Doe wenne er allinne yn in âld snikke en reizge de boeren ôf, om mei seagefyljen de kost to fortsjinjen. “En as men dan sa swalket, docht men noch wol ris hwat op” fornijde de man my.
Neitiids ha ‘k him nea wer sjoen. Wer earne as er forstoarn is, wit ik net, mar dochs Hâns bokken, sa ‘t er altiid neamd waerd, giet nea út myn ûnthâld.

Beschrijving

Herinneringen aan iemand met verschillende beroepen, houtsnijder en inbreker is, en uiteindelijk aan lager wal raakt.

Bron

Collectie Wouda, verslag 13, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Amearika    Amearika   

Hâns bokken    Hâns bokken   

Hans    Hans   

Amerika    Amerika   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21