Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA001405

Een sage (mondeling), dinsdag 10 juli 1962

Hoofdtekst

Twa modderskippers, Hindrik de Boer en Piet Cnossen, hellen de modder fan de terp by Wiûwerd.
Se moasten sels de modder ôfgrave. Nei 't min seit, ha se by dat ôfgraven in skat foun. Piet Cnossen hat in koumelkersspul kocht. Mei Hindrik de Boer roun it alheel oars. Dy hâldde syn diel yn 't skipke. Hy wie twa kear troud west. Ut it earste houlik wiene de al neamde Gjerrit de Boer en Tsjalling, beide spûksjennerich; út it twadde Teeuwes en Nanne, dy gjin lêst fan byleauwe hienen. Doe de heit kaem to stjerren, sieten de fjouwer soannen yn it roefke. Noch altyd wie, de skat net fordiele en de soannen út it lêste houlik woene dy mar leaver togearre hâlde.
Teeuwes sei yn ienen:“Soe de duvel hast komme om him to heljen?” “De duvel?” skrille Gjerrit. “Ja wis, jonge. De duvel moat him dochs helje! Hy hat syn siele oan him forkocht!” De beide foarsoannen der hastich út en fuort! Doe kaem it laedsje iepen en de skat út 'e âlde terp waerd fordeeld. De iene liet in pleats bouwe yn 'e Hommerts; it spul stiet der noch. De oare kocht in pleats yn 'e Knipe. Mar nei net folle jierren wiene se beide wer earm.

Onderwerp

SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.    SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   

Beschrijving

Bij zijn dood is de schat die iemand heeft gevonden nog onverdeeld. De jongste twee zonen houden de schat voor hen samen door te zeggen dat duivel komt om hun vader te halen, hij heeft zijn ziel verkocht. De oudste twee verdwijnen uit angst.

Bron

Collectie Wouda, verslag 14, verhaal 5 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Hindrik de Boer    Hindrik de Boer   

Hendrik de Boer    Hendrik de Boer   

Piet Cnossen    Piet Cnossen   

Gjerrit de Boer    Gjerrit de Boer   

Gerrit de Boer    Gerrit de Boer   

Tsjalling    Tsjalling   

Tjalling    Tjalling   

Teeuwes    Teeuwes   

Nanne    Nanne   

Naam Locatie in Tekst

De Knijpe    De Knijpe   

Knipe    Knipe   

Wiûwerd    Wiûwerd   

Wieuwerd    Wieuwerd   

Hommerts    Hommerts   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21