Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

WOUDA001406

Een mop (mondeling), dinsdag 10 juli 1962

Hoofdtekst

Yn Ypecolsgea, ûnder Wâldsein, wenne in boerefeint, Piter de Boer, dy nochal hwat opsprekkerich fan aerd wie; nergens bang foar en s.f.h.
Op in Sneontojoun gong er foar de boer nei Wâldsein om briedaeijen to heljen. Fansels, by Onne Ozinga, de kastlein, stut er even oan. Dêr siet in moai ploechje. Al gau hiene se it oer boppe-natuerlike dingen. En doe: Duvel, dou moatst ek noch by dat tsjerkhôf lâns, Piter. As 't mar wiste, dat it dêr spûket. Mar Piter wie neane bang foar. Der waerd traktearre. In pear glûpten de doar út. Doe Piter, al let, by 't tsjerkhôf lâns kaem, hearde er stimmen, hol en suver: hâldt him! kear him! Piter rinne. Hy fleach thús dwars troch in glêzen doar en doarst de nachts net op syn eigen bêd sliepe. Op 't kleedtsje; foar it bêd fan de baes, hat er de nacht trochbrocht. Fan de briedaeijen wurdt yn 't forhael net meer rept.

Onderwerp

VDK 1676*    VDK 1676*   

ATU 1676 - The Pretended Ghost    ATU 1676 - The Pretended Ghost   

Beschrijving

Man beweert dat hij 's avonds laat langs een kerkhof durft te gaan. Vrienden nemen hem beet door te roepen dat hij moet worden tegengehouden. De man vlucht.

Bron

Collectie Wouda, verslag 14, verhaal 6 (Archief Meertens Instituut)

Naam Overig in Tekst

Piter de Boer    Piter de Boer   

Pieter de Boer    Pieter de Boer   

Onne Ozinga    Onne Ozinga   

Piter    Piter   

Pieter    Pieter   

Naam Locatie in Tekst

Ypecolsgea    Ypecolsgea   

Ypecolsga    Ypecolsga   

Woudsend    Woudsend   

Wâldsein    Wâldsein   

Plaats van Handelen

Woudsend    Woudsend   

Kloekenummer in tekst

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21