Hoofdtekst
IJmkje stie bikend as tige fûl en op penning sechtsjin. Mar dat naem net wei, dat hja in goekunde, dy ‘t yn de lytse loege siet, net mei lege hannen gean liet.
Dêr koe Brecht fan tsjûgje, hwant sels hie hja gauris by har oankloppe, as hja fanwegen de ivige krapte jild nedich hie foar dit of dat. It wiene fansels gjin greate stikken. Dy koe IJmkje har ek net jaen. Mar as hja har need klage, dan woe IJmkje har wol skewiele. Mar it moast oan de lêste peinje ta werom bitelle wurde, wie har bitinkst. Nou, dêr hie IJmk ek nea oer to klijen. It koe der wol ris lang ynhingje, ear 't safier wie, mar de sinten kamen altyd wer to plak.
Mar ienris soe it misbiteare. Op in hjerstdei stinde Brecht wakker, dat hja foar de winter gjin waerme hoazzen oan 'e fuotten hie. “Witst hwat” sei IJmk, “dou hellest mar jern by de swartferver; hjir hast tolf stûren.” Da's tige bêst, mar ik kin se dy fuortendaliks net werom bitelje, hear” sei Brecht. “dat hoeft sa gau ek net, dat dochst mar, sa it dy útkomt,” andere IJmk.
Fierder kaem dy kwesje nea mear op 'e tonge. Brecht hie dy winters waerme fuotten. Der blieken lykwols gâns minsken to wêzen, dy 't de winter to kâld wie. Sa hie Jelke’ IJmkje it ek swier to pakken. Dokter seach it sa slim net yn. As it moaije waer oankaem, soe de sykte wol saksearje. Mar de koarts krige de oerhân en op in nacht rekke hja noch hommels wei.
Mar in pear wike letter, doe alles wer syn gewoan forrin like to nimmen, barde der op in jountiid hwat, dat de Kampen yn ûnstjûr brocht. Brecht hie de stêd yn west to boadskipjen. Mar it wie wyls moai tsjuster wurden, doe 't hja njonkenlytsen wer op hûs ta soe. Hja roun it paed del, mei prakkesaesjes yn 'e holle. Mar by de wytkâlke reinwettersbak bleau hja inienen kjel en forstuivere stean. Hwat wie dat? Har skonken wegeren de tsjinst, hwant dêr .... dêr op 'e bak, seach hja in fremd wyt ljocht! Hwat soe it wêze ..... sech hja it goed? .... IJmkje, forjamme, yn deadshabyt! Ja, dit koe net misse, yn folle lingte stie de forskining foar har, de bonkige hân útstrutsen, as forwachte hja in jefte. In rouwe gjalp fleach Brecht út 'e kiel en mei dat hja lûd joech, fleach it spoek by de muorre op, dêr 't it samar yn wei waerd.
Hoe hja thúskomme is, hat hja nea fortelle kinnen.
Nei 't hja oer de earste skrik hinne wie, gie hja nei Janne’ Bet. Dy harke frjemd op. Doe krige Brecht in ynjowing: it wie har oan 't nou ta troch 't sin gien, om IJmk dy tolve stûren fan de hoazzen werom to jaen! Soe 't har dêr soms om to rêdden wêze?
“Dat grif”, sei Janne’ Bet, “hwant hja wie in goed wiif, mar sa fûl as in foarke en slij nei jild.” “Nou brekt my de klomp” sei Brecht. “Giest mei, dan sil ik har fuortdaliks bitelje, hwant ik wol har de ivige rêst net ûntnimme om tolve stûren. Hwat sleau, dat ik dêr net earder om tocht ha!” Tolve klinkende stûren waerden op it bakslid útteld. De oare moarns wie op it bakslid neat mear to finen en de lining dus lyk!
Onderwerp
SINSAG 0450 - Andere Tote spuken.   
Beschrijving
Bron
Naam Overig in Tekst
Ale   
Brecht   
Lytse Kampen   
Jelke’ IJmkje   
Janne’ Bet   
IJmkje   
IJmk   
Greate Tsjerke   
Grote Kerk   
Naam Locatie in Tekst
Boalsert   
Bolsward   
Plaats van Handelen
Bolsward   
Kloekenummer in tekst
B110p   
