Hoofdtekst
De man gie de weromreis oan, de krûden yn 'e binnenbûse en it fleske los yn 'e jasbûse. It wie gâns in reis en hy koe mar min in herberge forby komme, hwant hy waerd toastich. “Mar né,” tocht er, “it bern; ik moat my oan de ôfspraek hâlde.” Skjin ynein kaem er de Snitserpoarte yn, roun it Hynstepaed oer en sa it Heech op. “Lokkich,” tocht er, “ik bin noch gjin frommes tsjin kommen.” Amperoan thús, kaem him yn 't healtsjuster dochs ien tomjitte. Sûnder der op fortocht to wêzen, krige er fan dat froumins in dûst in 'e side. Mei fielde er dat it fleske stikken stompt wie en it drankje him yn 'e bûse gearroun. Hy draeide him om, om to sjen hwat frommes him dit flikt hie. Mar dat kin dochs net! Is dat syn wiifs freondinne fan de Wythearenstrjitte? Hy gyng fuortendaliks yn 'e hûs en ûnderstie syn wiif der oer. Ja, sy wie hjir de hiele joun west en wie noch mar jusjes de doar út. Mar hja wie altyd sa leaf foar it bern en ik de oare bern wie hja ommers mâl mei.
“Né,” sei de frou, “dat kin net, dat kin net wier wêze; dêr meije wy har net fan fortinke” “En as it sa wie?” kaem de frage wer. De nachts om tolve ûre hinne soene hja it mar ris mei de krûden bisykje. Jitteris liet de man de oanwizings fan 'e duvelbanner yn him omgean. Hy draeide de doar yn 't slot en smarde it kaeisgat ticht mei waeks. Doe helle er de krûden foar 't ljocht, smiet dy op 't gloeiende comfoar en rikke de keamer en de widze út. It wie grouwelich ho 'n stank. It kniipte harren de kiel hast ticht. Mei bigoun it bern to kriten en waerd der forheftich oan 'e doar rammele. “De tsjoenster,” bromde de man, “doar ticht hâlde, hear.” Hy hie it net sein, as bûten bigounen katten ûnhjirmelik to blazen en to jankjen. Doe wiene hja beide oertsjûge, dat de duvelbanner gelyk hie. Hjir wiene kweade machten yn 't spul. Doe de krûden stikhinne forbrând wiene, waerd de reek stadich yn 'e skoarstien wei. Mei waerd it bern rêstich en bûtendoar hâlde it gûlen fan 'e katten op.
Fansels kaem hjir de oare deis gâns praet fan. It gie as diggelfjûr troch de stêd. Mar se hiene noch kin wissichheit. Hoe dy to krijen? De man boarre in gatsje yn 'e souder boppe de widze. De freondinne kaem, de frou wie om in boadskip - en ..... se helle in popke foar den dag en stuts hjir spjelden yn! De man nei ûnderen. Hy forwiet har har kweadwaen. Se skrok, fleach fuort, stroffele oer de fjûrpot en fleach yn 'e brân. Se rekke dea van de brânwounen, mar it bern waerd alhiel better.
Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
SINSAG 0531 - Peinhexe quält einen Menschen mit einer Puppe, in welche sie Nadeln steckt.
  
TM 3106 - Het drankje van de duivelbanner   
Beschrijving
Bron
Naam Locatie in Tekst
Wythearenstrjitte   
Witherenstraat   
Heech   
Hoogstraat   
Snitserpoarte   
Snekerpoort   
Hynstepaed   
Paardepad   
Plaats van Handelen
Bolsward   
Kloekenummer in tekst
B110p   
