Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

SINVNS42 - De kening en de earme jongfaem

Een sprookje (boek), (foutieve datum)

19 Koning.jpg
imageedit_25_5570122216.jpg

Hoofdtekst

De kening en de earme jongfaem
Der wier ris in earme man, dy 't mei syn ienichste dochter yn in âlde for-fallene klus wenne. Dy jongfaem hie in tige skerp forstân en learde hjar heit, op hwet wize en mei hwet biskiedene wirden hy syn grienten by de greate ljue oanbiede moast.
Op in dei mette er de kening en prissentearre sire, mei de wirden fen syn dochter, blomkoal oan. De kening wier sa'n tael fen sok soarte fen folk net wend. Hy frege de man fen hwa 't er sok fetsoenlik praten leard hie.
"Fen myn dochter," andere de man.
"Wol nou," sei de kening, "hjir binne tritich aeijen dy moat jy jou dochter bringe, en sizze, det se dy útbriede litte moat. Slagget hjar det, den kriget se in tige bileanning, mar sa net, den scille jimme beide in swiere straffe ondergean."
De âld man gyng wer nei hûs, en forhelle det oan syn dochter. De jongfaem ondersochte de aeijen en mirk det it koke aeijen wiernen. Hja stie hjar heit er op oan, om mar op bêd to gean, en onthjitte him det it wol goed for hjarren ôfrinne scoe.
Hja naem do in kop griene earte, die dy yn in panne, dy 't se fierder fol wetter geat. Hja sette de panne op in flink fjûr en joech hjar ek to rêste.
De oare moarns wiernen de earte tige gear sean, en hja sei tsjin hjarheit, det hy dêr mei oan 'e kenings-wei stean gean moast, en as sire dêr den lâns gyng, moast er de earte oer 'e groun struije en lûd-op sizze: "Det de Himelheit myn gearseane earte dôch goed opkomme litte mei!"
Hy scil jo den sizze det kôke earte net opkomme kinne, hwerop jy him den anderje, det dit allike goed mogelik is, as kôke aeijen útbriede litte.
Hjar heit gyng en die nei hjar sizzen.
Do't de kening det den heard hie, tocht er wol det de jongfaem it hjar heit foarsein hie, en sei tsjin him: "Nim dit string flaechs mei, en meits my dêrfen seilen, touwirk en alles hwet nedich is om in flink skip seilré to meitsjen. Rêdde jimme det net, den bin jimm'ta de dea foroardield."
De âld siel kaem alhiel forbûke thús en forhelle dit nije gefaer oan syn dochter. Dy bêdde him del, en praette him al gau wer nei bêd, mei de treast det it wol goed komme scoe.
De oare moarns sei se tsjin him, wilens hja him in lyts stikje hout oerjoech: "Bring dit by de kening en siz him, as hy hjirfen in spinwiele, in hispel en in weeftou meitse litten hat, den scille wy seilen en touwirk fen det strinkje flaechs meitsje."
De âlde die wer krekt sa 't hja sein hie.
"It is goed," sei de kening. "Ut dit nije andert fornim ik wer tige goed it flugge forstân fen jou bern. Gean nou hinne, nim disse houten skûtel, en siz tsjin jou dochter det se dêrmei de mar leech skept en der in droech stik greidlân fen makket."
De âlde man kaem do skriemende thús, hwent hy tocht, hjir is gjin smiten me de mûtse nei.
Mar do't er syn dochter forhelle hie hwet de kening nou wer fen hjar ferge, sei se wer allike moedich en biredt as altyd: "Gean mar stil wer onder 'e wol en sliep gerêst, de nacht scil ús wol útkomst bringe."
De oare moarns joech se him in protsjke pluze tou en sei dêr by: "Bring dit sire en siz: mei dit pluze tou moat hy alle lytse en greate wetters dy 't yn 'e mar útrinne, tichtstopje litte, den scil ik de mar leech skeppe."
Neidet de kening dit andert krige hie, woed er dy skrandere jongfaem ris mei eigen eagen sjen en do 't hja by him kaem, frege er hjar: "Hwet heart men it fierst en hat de measte wearklank?"
"Machtige kening, det is de tonger en de ljeagen," andere hja frijmoedich en mei in iepen each. Det brocht de kening sa út 'e skroeven, det er it beslút naem, dy jongfaem, howol fen earme komôf, dôch ta syn wiif to nimmen.
Hja sei tsjin him: "Sa 't jy wolle, sire, mar den haw ik ien bitingst. Jy moatte my swart op wyt jaen, en dat sels onderteikenje, hweryn jy forklearje, det, as it al sa ris kaem, det jo my forstaetten ef foartjagen, det ik den it rjucht yet haw, datjinge mei út jou hûs to nimmen, hwet my it dierberste is."
De kening stie dit forsiik ta.
En jawol! do 't er in hoatsje mei hjar troud wêst hie, sei er yn in lilke bui tsjin har; "Ik wol dy hjir net mear sjen, gean handich hinne, hwerste weikomd biste!"
"Dat scil ik dwaen," andere hja. "Mar lit my disse nacht hjir nou yet bliuwe. Moarn-ier bytiid scil ik myn bizen oppakke."
De jouns rikte hja him in glês krûdwyn ta mei de wirden: "Moarn scille we skiede, wêz wol op 'e tried, drink en formeitse jo!"
Hy dronk safolle det er yn in djippe sliep foel. Syn wiif liet him do yn in wein bringe dy 't hja al klear meitsje litten hie en brocht him yn it bosk.
"Hwer bin ik?" rôp de kening do 't er wekker weard. "Hwa hat my hjir brocht?"
"Det haw ik dien," andere de keninginne.
"Hwerom dienen jy dit? Haw ik net sein, det ik jo net mear sjen woe?"
"Det is wier. Mar sjoch dit skrift ris yn, troch jou onderteikene. Dêryn forklearje jo det ik rjucht hab, út jou hûs mei to nimmen hwet ik it ljeafste hab. En op dizze wize meits ik brukme fen myn rjucht."
Do naem de kening hjar yn syn earmen, treau hjar oan it herte en gong mei hjar wer nei syn kastiel ta.
(Friesland; onbekend waar en wanneer opgetekend; vgl. Sljucht en Rjucht IV (1900), blz.411-412)

Onderwerp

AT 0875 - The Clever Peasant Girl    AT 0875 - The Clever Peasant Girl   

ATU 0875 - The Clever Farmgirl    ATU 0875 - The Clever Farmgirl   

VDK 0875 - The Clever Peasant Girl    VDK 0875 - The Clever Peasant Girl   

Beschrijving

Een meisje leert haar vader hoe hij zijn groenten aan de man moet brengen. Op een dag biedt hij de koning bloemkool aan, op de manier die zijn dochter hem heeft geleerd. De koning is verrast en vraagt van wie de man die fatsoenlijke woorden heeft geleerd. De dochter krijgt van de koning de opdracht drie eieren uit te broeden. Er wacht haar een grote beloning. De dochter laat de koning met wijze woorden weten dat zijn opdracht onmogelijk uit te voeren is. De koning komt dan met een andere opdracht. Ook die weet de dochter handig te omzeilen. De koning is nieuwsgierig naar deze wijze vrouw. Hij wil met haar trouwen ook al is ze van lage komaf. De dochter stelt een voorwaarde: als de koning haar ooit uit huis zet, mag zij meenemen wat haar het dierbaarst is. De koning stemt hier mee in en het huwelijk wordt gesloten.
Op een dag zegt hij haar nooit meer te willen zien. De vrouw neemt dan de koning mee het huis uit; hij is haar het dierbaarst. Wederom ziet de koning in hoe verstandig zijn vrouw is. Hij neemt haar in zijn armen en ze gaan samen weer het kasteel in.

Bron

J.R.W. Sinninghe: Vijftig Nederlandse Sprookjes, Amsterdam 1942, p. 73-75

Commentaar

The Clever Peasant Girl

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20