Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

ABIJMA31 - Hoe't unnoazele Ielke in ryk man waerd

Een sprookje (tijdschriftartikel), 1951 - 1954

Hoofdtekst

Hoe't unnoazele Ielke in ryk man waerd
Der wie ris in boer, dy hie trije soannen. De jongste, dat wie net ien fan 'e snoadsten wie de hjitting altyd, dy hie it stopjern net útfoun. Hy wie der in bytsje oer yn 'e hûs. Syn beide bruorren pleagen him en seagen mei forachting op him del.
"Unnoazele Ielke," seinen se tsjin him.
De boer hie in skuorre fol sied. Dat lei yn bosken opsteapele. Mar nou barde it dat dy heap mear en mear bilune. It koe net oars, der moast in dief wêze, dy't der nachts op út teach om sied to stellen.
De boer akkoarte mei syn jonges, de âldste soe in nacht yn 'e skuorre trochbringe om de dief to attrapearjen. Dat gong oan. Op in joun teach de âldste soan nei de skuorre ta en stelde him earne yn in hoeke fordekt op. Doe wie 't wachtsjen op 'e dief. It duorre nochal efkes, ear't dy him oppenearre. Mar doe't de toerklok toalve slaggen hearre liet, ja hear, dêr wie ynienen great lawaei en dêr forskynde in dwerch, it skynfet yn 'e hân. En dy soe in grude sied pakke. Mar de boer syn âldste soan springt op him ta en sil it mantsje gripe. Lykwols krekt to let.
It mantsje is sa linich as lekken. It draeit him om en tichelt de jonge mei in stôk ôf, wol sa bot, dat de jonge leit, dêr't er leit en syn rêch is alhielendal sangeneblau.
De oare moarns fynt de boer him dêr, de jonge kroanet noch en hy seit, hy wol foar gjin noch safolle wer in nacht yn 'e skuorre trochbringe.
Mar it sied koart hurd yn en de oare wyks seit de twade soan: "Heit, nou moat ik mar ris sjen of ik de dief to pakken krije kin."
De twade soan forstoppet him ek en wachtet it mantsje ôf.
Om 'e selde tiid as de foarige kear wurdt syn komst oankundige troch in alderheislikst lawaei. De jonge wurdt de dwerch gewaer en slûpt stil op him ta om him dea te meitsjen.
Mar foar't er de kâns hat, draeit it mantsje him om en dan giet it de twade soan net better ôf as syn broer.
De boer fynt him de oare moarns mear dea as libben.
Ja, nou is goeije rie djûr. Hoe sille se dy dwerch lyts man meitsje.
Dan seit de trêdde soan, Ielke: "Heit ik sil 't ris bisykje."
"Dû," laitsje de bruorren. "Rin nou gau wei. Hwat soestû kinne."
En de boer riedt it him ek sterk ôf.
Mar Ielke hâldt oan. Hy woe 't weagje.
It giet oan. Ielke bijowt him dy jouns nei de skuorre, dêr't it al aerdich skymrich is. Ielke is net sa ûnnoazel as er wol liket. Hwat docht er? Hy makket in bosk strie los, dêr krûpt er yn en bynt dan it strie wer om him hinne fêst. Net ien kin sjen, dat dêr in minske yn forskûle sit. Dan wachtet er stil.
Ja hear, dêr slacht de klok toalve. Dan in stik lawaei as soe de wrâld forgean en dêr hawwe jy de dwerch ek al. Efkes is it stil. Dan heart er de dwerch sizzen: "Dat is in baes bosk, dat moat ik mar ha."
En dan fornimt er hoe't er optild wurdt en fuorttôge, hwerhinne, dat wyt er net.
Mar dan bigjint de dwerch to praten. Sûnder mis tsjin 'e dwerginne: "Ik ha dit kear in fiks bosk mei nomd," seit er.
"Moai sa," andert hja, "kom dan nou mar gau op bêd."
Efkes letter heart Ielke se beide lûd snoarkjen.
Dan makket er hoeden it strie los, krûpt der út en sjocht om him hinne. Hy is hjir yn 'e dwergehoale.
Jonge, jonge, hwat in diamanten lizze hjir. Wol in sekfol. En der hingje allerhande swurden oan 't lewant. Hy krijt der ien fan, en dat is twaris pats. It is mei it snoarkjen fan it dwergepear dien.
Gau stoppet er syn beide bûsen fol mei diamanten en dan sjocht er, dat er thús komt.
As de boer en de beide bruorren dy ealstiennen sjogge en it forhael heard ha, sjogge se Ielke mei great respekt oan. Hy is de helt fan 'e dei. Hja helje de hiele hoale leech en Ielke wurdt de rykste man fan it hiele keninkryk.
(Bron: Dam Jaarsma: `Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 32 (1954), p.141. Opgetekend: ca. 1953)

Onderwerp

AT 0328 - The Boy Steals the Giant's Treasure    AT 0328 - The Boy Steals the Giant's Treasure   

ATU 0328 - The Boy Steals the Ogre’s Treasure.    ATU 0328 - The Boy Steals the Ogre’s Treasure.   

Beschrijving

Er wordt gestolen uit de schuur van een boer. De twee oudste zonen verstoppen zich in de schuur, maar worden door de dief, een dwerg, ernstig mishandeld. Dan mag de jongste zoon, die voor niet goed wijs wordt aangezien, een poging wagen. Hij verstopt zich in een baal stro en laat zich door de dwerg naar zijn hol dragen. De jongen kruipt uit het stro als hij de dwerg en zijn vrouw hoort snurken. Hij slaat hun hoofden er met een zwaard af. Beladen met diamanten van de dwerg keert de jongste zoon naar huis terug, waar hij als een held ontvangen wordt.

Bron

Dam Jaarsma: `Teltsjes út 'e Fryske Wâlden fan Anders Bijma', in: It Heitelân 32 (1954), p.141.

Commentaar

ca. 1953
The Boy steals the Giant's Treasure (Jack and the Beanstalk)

Naam Overig in Tekst

Ielke    Ielke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20