Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

YPFOE014 - Sân gouden fearren

Een sprookje (boek), woensdag 05 januari 1977

Hoofdtekst

Sân gouden fearren
Der wie ris in prinses, dy hie har mem ferlern. En har heit, de kening, troude wer. Har styfmem mocht har net sjen. It wie in goed fanke en se stie folle mear yn 'e geunst en yn oansjen by it folk as oars ien fan 'e hiele keninklike famylje. Troch de hovelingen en de boaden fan it paleis waard se op 'e hannen droegen. Dat koe de styfmem net sette - dy hie sels ek dochters - en doe woe se fan har ôf wêze. Se moast út 'e wei. Har heit siet sa ûnder beslach fan syn twadde frou, dat hy liet alles gewurde. De prinses waard nei de grinzen fan it ryk brocht. Dêr leinen grutte wylde, hast ûntagonklike bosken, mei sompen en wetters en woeste rivieren der yn. Dêr waard se opsluten yn in skûlplak, in soarte fan hok of hutte.
Se lieten har efter mei mar in bytsje iten. Dat rekke op en doe moast se ferhongerje. Mei de tiid wie se útlit, mar op in kear slagge se doch út dy boskhutte wei. Mar se hie gjin krêften mear om yn 'e bewenne wrâld te kommen en fan honger en ellinde krige se it min ofte mear yn 'e hole. Iten koe se dêr ek net fine en doe tocht se, hjir tichte by is in fiver - ik spring yn 't wetter, dan bin 'k fan alles ôf. Mar trochdat se sa swak wie, stroffele se ûnderweis oer in beamwoartel. En doe fûn se in gouden fear. It wie in hiel aparte fear en al hoe min as se der oan ta wie, se seach der doch wat niget oan, dat se krige him op en naam him mei. Se fergeat hast al, dat se nei de fiver ta soe.
Doe kaam se op in trijesprong, it iene paad foar har rûn nei de fiver ta en it oare net. En doe seach se dêr op it paad dat fan 'e fiver ôf gong wer sa'n gouden fear lizzen. Se tocht, dat is ek frjemd - de twadde fear! Se rûn dat paad op, se naam dy fear ek yn 'e hân en doe wie de fiver har hielendal al fergetten en se rûn fierder dat paad op.
Lykwols, de honger pleage har noch like slim en op in stuit koe se hast net fierder. En doe seach se dêr, miende se, in stik brea lizzen. Se soe der oer gear falle - mar doe rûn dat fuort, it wie in ychelbaarch. Doe fûn se dêr wer sa'n gouden fear - dat wie dan de tredde, en dy naam se ek mei. Suver itselde kaam har noch in kear oer. Sljocht fan 'e honger seach se in stien foar iten oan, en doe fûn se dêr de fjirde gouden fear.
Al mar fierder rûn se. Mar doe kaam se foar in wyld brûzende rivier. Der lei in rûne glêde beam oer. Dêr skrille se foar tebek, want de beam wie wiet en ôfgryslike glysterich. Se liet de moed al sinke en woe alles mar oerjaan. Mar dêr seach se wat blinken - midden op dy beam lei de fiifde gouden fear. Ja, tocht se, dy fear moat ik doch ha! Wêrom? Mar se moast him ha en doe kroep se oer dy glysterige beam. Se krige de fear en behâlden kaam se oan 'e oare kant.
Wer rûn se in ein, mar se fergong fan 'e honger. En doe seach se, dat dêr in do út in beam fleach, fan it nêst. Se tocht, dan moat ik mar in pear aaien opite. Want se koe it wol rikke. Se taaste yn it nêst - gjin aaien, mar dêr hie se de sechste gouden fear yn 'e hân!
Wer rûn se in ein en doe seach se foar har in hiel raar âld bouwurk, in boufallich gebou. Men soe sizze kinne, in púnfal fan in slot of paleis. Net mear bewenber. It like sa mâl, dat it skrikte har ôf. Dêr moat ik net wêze, tocht se. Der wie ek amper yn te kommen, want om der te kommen, moast se oer in âlde ferfallen brêge, in flapbrêge op peallen, mar sa wrak, dat se griisde der tsjinoan om der oer. Mar doe seach se dêr op dy brêge, hast oan 'e oare kant, wer sa'n gouden fear. Doe joech se har doch oer dy brêge en dêr stie se mei alle sân fearren yn 'e hân foar de tichte doar fan dat ferfallen bouwurk. Se kloppe wol oan, mar gjinien die iepen. Doe waard se sa mismoedich en se wie sa ynein en ferlit, dat se woe har wer yn 't wetter glide litte; mar it wienen de sân fearren yn har hân dy't har dêrfoar bewarren. Se soe har ôfjaan, mar op dat stuit glied se út. Om net yn 't wetter te fallen griep se de klink fan 'e grutte doar. En mei waard dy doar iependien en doe stie dêr in prins.

De prinses wie troch de gouden fearren bûten de grinzen fan har heite ryk lokke en yn it ryk en by it paleis fan dy prins kommen. Mar dy prins hie troch in kweade macht betsjoend en yn in fûgel feroare west. Hokfoar fûgel wit ik net, mar it wie in fûgel mei sân gouden fearren. Op itselde stuit dat de prins yn in fûgel feroare, wie ek syn ryk en syn slot ferfallen ta in âlde boufal en alle hovelingen en alle boaden fan it paleis wienen tagelyck troch dy kweade macht ferdreaun of útroege.
De prins hie dêr stee hâlden - as fûgel. Der wie him sein woarn, as de klink fan 'e doar fan it paleis oplicht waard troch in prinses dy't nei him ta kaam, dan wie de betovering oer. Mar och, dat soe wol noait foarfalle; der leinen bosken en wetters en rivieren en alles om dat stee hinne. It wie ûnbekend wurden en net te finen. Hoe lang as dat duorre hie, wit ik net, gjin minske wist der fan, dizze prinses ek net. Dat hoe soe dêr oait in prinses op ôf komme.
As fûgel fleach de prins dêr wol om en sadwaande hie er de prinses sjoen. Dat wie syn iennige kâns, begriep er wol, en syn sân gouden fearren hie er brûkt om har troch dy wyldernis dat hiele ein nei syn paleis te lokjen. It hie tafal west, dat se de klink fan 'e doar pakte en dat dy oplichte. Mar op itselde stuit wie er ûnttsjoend en wer prins. De âlde ruïne feroare ek wer op slach yn it prachtige paleis dat it alearen west hie.
Beide wienen se ferlost, de prins en de prinses, en se binne troud. Doe krigen se ek samar wer personiel, want der gong yn dat oare ryk samar in grutte rop fan, dat de prinses, har prinses, noch libbe en help nedich wie. Doe hienen se samar in hofhâlding en betsjinden. It folk hie ek raar te sprekken west, dat de prinses fuort wie.
No hie se in prins en in ryk, mar se kaam wer as prinses by har eigen folk. En dat keninkryk krigen se der mei gauwens hielendal by. De âld kening moast in takke tebek, dy die ôfstân fan 'e troan, want hy hie alles mar gewurde litten wat de styfmem beruorre. Dy styfmem en har dochters moasten wike. Se krigen net in bêst libben en hawwe it net lang mear makke.
En it jonge pear libbe en regearre noch lang en gelokkich.

Beschrijving

Een koning hertrouwt een vrouw die alles van hem gedaan krijgt. Zo gebeurt het dat de koningsdochter door haar stiefmoeder het paleis wordt uitgezet zonder dat de koning bezwaar maakt. De prinses wordt vervolgens in een boshut opgesloten, maar kan ontsnappen. Hongerig zoekt ze naar eten. Ten einde raad zou ze liever willen verdrinken dan verder te leven. Maar dan struikelt ze over een boomwortel en ziet een gouden veer liggen. Na deze opgeraapt te hebben en een eind gewandeld te hebben, is het aantal veren toegenomen tot zes stuks. De zevende veer vindt ze bij een kasteelruïne. Als ze over de slotbrug loopt, komt ze bij een enorme deur. Omdat er niet open gedaan wordt na herhaaldelijk kloppen, zinkt de moed haar in de schoenen. De gouden veren behoeden haar dat ze in het grachtwater springt. Maar ze glijdt uit en voordat ze te water raakt, kan ze net op tijd de deurklink van de kasteelpoort vastpakken. Deze gaat open en daarachter staat een prins, die daarvoor nog een vogel was met gouden veren. De prins was door een boze macht veranderd in een vogel. Alleen een prinses kon hem redden door hem te bezoeken. De gouden veren die gevonden waren door de prinses had de prins rondgestrooid en dienden als lokmiddel. De prins en prinses trouwen; de koning moet zijn troon afstaan en de stiefmoeder zou niet lang meer leven.

Bron

Ype Poortinga: De foet fan de reinbôge. Fryske folksforhalen. Baarn [etc.], 1979, p. 28

Commentaar

5 januari 1977 & 16 februari 1977 & 1 februari 1978

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:20